Houtreek en sûnens

Troch hout te ferbaarnen yn in houtkachel, iepen hurd of barbecue komt houtreek frij. Yn houtreek sitte fersmoargjende stoffen dy't sa yn de loft telâne komme. Dit is min foar de luchtkwaliteit en de sûnens. De luchtkwaliteit wurdt bepaald troch hoefolle fersmoargjende stoffen oft yn 'e loft sitte. De mannichte fersmoarge stoffen kin sterk ferskille tusken ûnderskate typen kachels, it brûkte hout en tusken brûkers. Minsken kinne sawol yn hûs as dêrbûten mei houtreek yn oanrekking komme en oerlêst ûnderfine. Boarne: RIVM.

Besjoch effekten fan houtreek op sûnens.
Besjoch ûndersiken en publikaasjes oer relaasje houtreek en luchtkwaliteit en sûnens.

Meld dy oan foar it stookalarjen

It stookalarret fan it RIVM jout foar elke provinsje advys op basis fan waarsferwachtingen en de luchtkwaliteit, it oersjoch fynst hjir. It doel fan it stookalert is stokers derop te wizen dat de kommende oeren de omstannichheden sadanich binne dat de fersmoarging út de skoarstien wei hingjen bliuwt en oerlêst feroarsaakje kin nei de omjouwing. Meld dy oan en ûntfang it stookalart mei in mail.

Gean dyn hout stoken? Sjoch dan earst efkes op de Stookwijzer om te tsjekken oft je better gjin fjurke stoke kinne. De Stookwijzer sjocht nei aktuele luchtkwaliteit en de wynsnelheid en jout op basis dêrfan meldingen yn de foarm fan in kleurkoade. Ek jout de Stookwijzer in ferwachting fan de kommende 24 oeren.

Besjoch de stookwijzer en foarkomme oerlêst foar dyn buorlju.

Oerlêst melde? Gean earst mei-inoar yn petear

Hawwe jo oerlêst fan in fjoerkoer, houtkachel of iepen hurd? Praat earst ris mei jo buorlju om oerlêst te beheinen. Miskien kinne jo der tegearre ôfspraken oer meitsje. Bygelyks troch by in beskate wynrjochting it fjoer út te litten. Of troch allinne op bepaalde tiden te stoken, sadat jo buorlju it hûs better fentilearje kinne. Helpt dat net? Dan kinne jo melding meitsje by jo gemeente.

Jo kinne oerlêst ek melde fia Atlas Leefomgeving. Dêrmei helpe jo de oerheid om in better byld te krijen fan de oerlêst troch houtreook yn Nederlân.

Oerlêst melde

schoorsteen