Iepeningstiden brêgen en slûzen
Betsjinningstiden brêgen en slûzen
It farseizoen yn 2025 rint fan tiisdei 1 april oant freed 31 oktober ta.

De iepeningstiden fan de brêgen en slûzen yn Fryslân fine jo op dizze kaart. Foar aktuele opkearingen of te ferwachtsjen opûnthâld check foar en tidens jo reis de skipfeartberjochten op teletekst nummer 721, of de lanlike webside www.vaarweginformatie.nl.
De aktuele betsjinningstiden kinne jo ek ôflêze yn dit oersjoch. Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan helpt it Klantkontaktsintrum jo graach fierder.
Brêgediening bûten betsjinningstiden foar beropsfeart
Foar brêgebetsjinning bûten betsjinningstiden en allinnich yn de tiidfakken dy't dêrfoar oanwiisd binne kinne jo, op syn minst 2 oeren yn it foar, belje mei it omropnûmer: 058 - 292 58 88. Utslutend te berikken op moandei o/m freed fan 08.30 - 16.00 oere útsein offisjele feestdagen.
It giet om ôfrop foar:
Van Harinxmakanaal:
- Van Harinxmabrug;
- Koningsbrug.
Farwei Drachten:
- Hooidamsbrêge.
Invaart Leeuwarden Oost:
- Greunsbrug.
Invaart Leeuwarden West:
- Slauerhoffbrug.
De tiidfakken fine jo yn ûndersteand dokumint.
Dokumint
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.
Betsjinningstiden Turfrûte yn 2025
Wy betsjinje fan tongersdei 15 maaie oant moandei 15 septimber 2025 ta de brêgen en slûzen fan 9.30 oant 16.30 oere. Der is gjin middeisskoft. Op snein- en feestdagen betsjinje wy de brêgen en slûzen net. Op sneinen yn july en augustus is der wol betsjinning.
Konfoaifeart maitiid 2025
Op sneon 26 april 2025 kin yn konfoai (ûnderweis oanslute) fan De Gordyk nei de Rolbrêge fearn wurde en fan Appelskea en Donkerbroek nei Mildaam. Fertrek De Gordyk: 10.00 oere en 14.00 oere. Fertrek Appelskea: 08.00 oere. Oan de konfoaifeart binne gjin kosten ferbûn. Belangstellenden kinne harren oant twa dagen yn it foar opjaan by Provinsje Fryslân, ôfdieling KCC, telefoan: (058) 292 5925. Dêr is ek mear ynformaasje te krijen.
Betsjinningstiden brêgen en slûzen yn farseizoen 2025
Yn it farseizoen 2025 wurde fan tongersdei 15 maaie oant ‘e mei moandei 15 septimber de brêgen en slûzen betsjinne fan 9.30 oere oant 16.30 oere. Der is gjin middeisskoft. Op snein - en feestdagen wurde de brêgen en slûzen net betsjinne, op sneinen yn july en augustus is der lykwols wol betsjinning.
Bedieningstijden bruggen en sluizen in vaarseizoen 2025
In het vaarseizoen 2025 worden van donderdag 15 mei t/m maandag 15 september de bruggen en sluizen bediend van 9.30 uur tot 16.30 uur. Er is geen middagpauze. Op zon- en feestdagen worden de bruggen en sluizen niet bediend, op de zondagen in juli en augustus is er echter wel bediening.
Polderhoofdkanaal
It Polderhoofdkanaal wurdt fan 15 maaie o/m 15 septimber, alle dagen fan 9.00 oere – 20.00 oere betsjinne.
Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de gemeente Opsterlân. Foar algemiene fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantkontaktsintrum: 058 - 292 59 25.