Iepenloftspullen

Foar iepenloftspullen dy't útfierd wurde yn de simmerperioade 2025 is fan 24 febrewaris 2025 ôf oant en mei 24 april 2025 de regeling Iepenloftspullen iepensteld.

In iepenloftspul is in Frysktalige (muzyk)teaterproduksje of in (muzyk)teaterproduksje yn in Fryske streektaal dy't yn de iepen loft plakfynt yn de perioade maaie o/m septimber.

De betingsten

Foar iepenloftspullen dy't útfierd wurde yn de simmerperioade fan 2025 kin yn de iepenstellingsperioade fan 24 febrewaris 2025 ôf in subsydzje-oanfraach yntsjinne wurde. Wichtich is dat it iepenloftspul út de lokale mienskip wei ta stân komt en dat de spilers begelaat wurde troch professionals. De toetsingskritearia kinne jo fine yn paragraaf 3.4 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Hichte fan it subsydzje

De regeling is bedoeld foar stichtings en ferienings dy’t al ris earder in iepenloftspul produsearre hawwe. It subsydzje bedraacht op syn meast 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000,-.

Foar de oanfraachronde yn 2025 is it subsydzjeplafond fêststeld op € 101.100,-.

Ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân, telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl

Tink derom: meikoarten kinne jo jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich. 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.