Iepenstelling SKNL foar maatregels Provinsjaal Utfieringsprogramma Natuer
Foar de útfiering fan maatregels om de natuerkwaliteit fan natuerterreinen te ferheegjen, kinne sertifiseerde natuerbeheerders súbsydzje oanfreegje op grûn fan artikel 8, kêst 4 fan de Subsydzjeregeling kwaliteitsympuls natuer en lânskip provinsje Fryslân 2022 (SKNL).
De neikommende organisaasjes kinne subsydzje oanfreegje
- It Fryske Gea
- Natuurmonumenten
- Staatsbosbeheer
- Natuurcollectief Fryslân
- Bosgroep Noord Oost Nederland
Subsydzjeplafond
Foar eltse organisaasje jildt in subsydzjeplafond.
Foar hokker maatregels?
Yn bylage 1 fan it iepenstellingsbeslút is opnommen foar hokker maatregels jo subsydzje oanfreegje kinne.
Yntsjinningsterminen
- fan 15 oktober oant ‘e mei 15 desimber 2022
- fan 1 april 2023 oant ‘e mei 15 mei 2023
- fan 1 september 2023 oant ‘e mei 31 oktober 2023
It iepenstellingsbeslút fine jo hjir:
Iepenstellingsbeslút SKNL foar maatregels fan it Provinsjaal Utfieringsprogramma Natuer
Hoe tsjinje jo in oanfraach yn?
Jo kinne subsydzje oanfreegje troch it ynfoljen fan it oanfraachformulier (sjoch hjir ûnder). Hjiryn stiet ek hokker ynformaasje en hokker bylagen jo oanleverje moatte. Yn it oanfraachformulier lêze jo hoe’t dat kin en wêr’t it formulier hinne stjoerd wurde moat.