It opwekken fan enerzjy: biogas en grien gas

Yn Fryslân steane op dit stuit sa’n 25 mest-kofergisters. Ek binne der 5 industriële fergisters. Al dizze fergisters produsearje biogas. Der binne ek guon stoartplakken wêr’t biogas wûn wurdt. Biogas wurdt brûkt as transportbrânstof en as brânstof foar in waarmtekrêftkoppeling (WKK). Dizze WKK makket der dêrnei stroom fan en de waarmte dy’t hjirmei frij komt kin ek wer nuttich brûkt wurde. Bygelyks foar it ferwaarmjen fan in swimbad.

Biogas of grien gas?

De termen biogas en grien gas wurde faak trochinoar brûkt. Dochs is der in ferskil. Biogas wurdt makke fan bygelyks ôffal fan stoartplakken, túnôffal, resten fan griente en fruit. Mar ek fan kowedong. Grien gas is biogas dat opwurdearre is nei ierdgaskwaliteit. Dêr kinst op ride of op itensiede. Trochdat grien gas fan deselde kwaliteit is as ierdgas, kin it fia it besteande ierdgasnet transportearre wurde. It netwurk hoecht dêr net foar oanpast te wurden. Dêrneist kin in op ierdgas wurkjende CV tsjettel ek sûnder oanpassingen gebrûk meitsje fan grien gas. Yn Fryslân wurdt der, lykas hjirboppe neamd, al grien gas produsearre. Yn 2020 wie it oandiel grien gas yn Fryslân 2,6% fan it totale gasferbrûk.

Ko-fergisting, monofergisting en mestraffinaazje

Op it stuit is der in ûntwikkeling geande fan mest-kofergisting nei monofergisting of mestraffinaazje. By ko-fergisting wurdt mest mei bygelyks plantaardige- en dierlike fetten en/of gewassen (bygelyks mais) fergist yn deselde ynstallaasje. By monofergisting wurdt mar ien produkt brûkt om te fergisten. In mestraffinaazje produsearret njonken biogas meardere weardefolle stromen lykas minerale meststoffen (kunstmestferfangers) en organyske boaiemferbetterders. Der binne noch mear foardielen fan mestfergisting: de útstjit fan skealike broeikasgassen lykas methaan, laitsgas en ammoniak sakket. It produsearjen fan kunstmest freget in protte (fossile) enerzjy. Mei mestfergisting hâlde boeren digistaat oer. Wannear’t digistaat erkend wurdt as keunstmestferfanger kinne boeren it gebrûk fan keunstmest mei 50 oant 100 prosint werombringe. Op dizze wize leveret dongfergêsting ek in bydrage oan de omrinlânbou.  

Ride op grien gas

Ride op grien gas kin al prima yn Fryslân. Op it stuit binne der al 40 griengasfulpunten foar bio CNG (Compressed Natural Gas) foar partikuliere weinen en lichtere bestel- en frachtweinen. Yn Ljouwert stiet in mobyl LNG-fulpunt en op It Hearrenfean in fêst LNG-fulpunt. Ek wurde der projekten starten foar it brûken fan bio LNG (Liquid Natural Gas) yn de swiere transportsektor.

Grien Gas Aginda

Yn de maitiid fan 2021 hat New Energy Coalition (NEC) de resultaten fan it ûndersyk nei de potinsje fan grien gas út mono-dongfergisting útbrocht. Oan de hân fan dit ûndersyk hat de wurkgroep grien gas foar de provinsje Fryslân yn septimber 2022 in Manifest Groen Gas presintearre. Yn Fryslân is de potinsje fan grien gas út mono-dongfergisting foars. Yn it Manifest Groen Gas is in tal aksjelinen formulearre dy't de kommende tiid tegearre mei belutsen organisaasjes útwurke wurde.Besjoch it NEC rapport.

Mear ynformaasje

Foar it provinsjale belied op it mêd fan biogas en grien gas kinne jo kontakt opnimme mei ús fia provincie@fryslan.frl of 058 - 292 5925. Foar algemiene ynformaasje oer biogasproduksje en ‘ride op’ sjoch ek: www.groengas.nl.

Ek it Ryk belûkt biogas en grien gas by de enerzjytransysje. Sa falt fergêsting ek ûnder de SDE++ subsydzje en is der in rûtekaart grien gas opsteld. Mear ynformaasje.

Better byld krije by fergêsting? Besjoch dan ien fan dizze filmkes:

Dokuminten

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.