KliMOp - Ferduorsum dyn gebou mei it Klimaat Ontsorgingsprogramma

Een gebouw waar met zilverkleurige letter Piers' Stee op staat met daaronder een zwaard
Klik op 'e foto om it filmke te besjen
Een geel bord in het gras met blauwe letters en een pijl naar rechts wijzend. Er staat Ruurd Wiersma Museum op.
Klik op 'e foto om it filmke te besjen

Bist eigner fan in lyts maatskiplik gebou? Mei it Klimaat Ontsorgingsprogramma fan provinsje Fryslân kinst oan ’e slach mei ferduorsumjen. Dit helpt om dyn enerzjykosten te ferleegjen, de CO₂-útstjit te ferminderjen en by te dragen oan in duorsume takomst.

Foar wa?

It programma is spesjaal bedoeld foar lytse gebouwen mei in maatskiplike funksje, lykas:
• Gemeenten
• Skoalbestjoeren yn it primêr en fuortset ûnderwiis
• Tsjerken
• Soarchoanbieders mei in beheind oantal lokaasjes
• Kulturele ynstellingen
• Doarps- en buerthuzen

Wat is KlimOp?

KlimOp is it Fryske Klimaat Ontsorgingsprogramma foar it ferduorsumjen fan maatskiplik fêstgoed. Sûnt 2021 biedt dit troch it Ryk bekostige programma stipe oan eigners fan lytser fêstgoed. Sy kinne fergees gebrûk meitsje fan de kennis en begelieding fan saakkundigen by it ferduorsumjen fan harren gebouwen.

Hast te min tiid, middels of kennis om dyn gebou enerzjysuniger te meitsjen? It Klimaat Ontsorgingsprogramma helpt dy op wei.

Mear ynformaasje oer Ontzorginsprogramma

Hoe wurket it?

Nei oanmelding fia de webside fan KlimOp nimt de troch dy keazen duorsumheidsadviseur kontakt mei dy op. De adviseur stelt in maatwurkadvys op, rjochte op maatregels en finansiering. It is de bedoeling dat de begelieding oanhâldt oant der in opdracht of kontrakt foar de útfiering opsteld is.

Op dit stuit hawwe wy sa’n 400 eigners holpen by it ferduorsumjen fan harren pân. Fanwegen it beskikbere budzjet hawwe wy derfoar keazen om fan 2025 ôf de oerbleaune finansjele middels yn te setten foar it stypjen fan gemeenten by it ferduorsumjen fan harren fêstgoed. Ek advisearje wy gemeenten oer hoe’t se maatskiplik fêstgoed yn harren gemeente stypje kinne by it ferduorsumjen fan gebouwen. Sa wolle wy de kennis oer ferduorsuming fan ûnder oare doarps- en buerthuzen en tsjerken behâlde by de gemeenten, sadat sy witte hoe’t se eigners fan maatskiplik fêstgoed stypje kinne. Hjirtroch kin de ferduorsumingsopjefte ek nei ôfrin fan it KlimOp-programma trochset wurde.

Adviseurs stelle har foar

Ferskate duorsumheidsadviseurs hawwe har by de provinsje oanmeld om advyswurk te leverjen foar it KlimOp-ontsorgingsprogramma. Hjirûnder fynst in oersjoch fan de adviseurs en harren wurkûnderfining. Do bepallist sels troch hokker adviseursto holpen wurde wolst.

Adviseurs

Hast kennis fan duorsumens en fêstgoed? Kom ús helpe! Wy sykje foar ús KlimOp-ontsorgingsprogramma ûnder oare ekstra duorsumheidsadviseurs mei kennis en ûnderfining oer finansierings- en subsydzjemooglikheden foar ferduorsumingsmaatregels.

Mear ynformaasje

Duorsume tsjerken

It grutskalich ferduorsumjen fan tsjerken is faak yngewikkeld en kostber fanwegen de karakteristiken fan it gebou en de faak beheinde besettingsgraad.

Lês mear oer Duorsume Tsjerken

Budzjet

It budzjet foar it útfieren fan de maatregels falt oars net binnen it programma. Der binne wol oantreklike finansieringsfoarmen. Ek kin socht wurde nei foarmen om de fraach te bondeljen. Dat betsjut datst de foarnommen maatregels by ferskate eigeners gearfoegest, dêrtroch kin it soms makliker wêze om (oantreklike) finansiering te krijen.

Kontakt

Hawwe jo ferlet fan mear ynformaasje of fragen? Nim dan kontakt mei ús op fia ús KlantkontaktSintrum: 058 - 292 59 25 of klimop@fryslan.frl en freegje nei Gert-Jan Bouma (projektlieder) of Herman Groenwold. 

Kontaktformulier

It ûntsoargingsprogramma maatskiplik fêstgoed is troch it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) mooglik makke. It programma rint oant 1 jannewaris 2027. 

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.