Konsesje iepenbier busferfier 2024-2034

Op 17 oktober 2023 hat de provinsje Fryslân bekend makke dat de konsesje foar it iepenbier busferfier yn Fryslân foar de perioade desimber 2024 - desimber 2034 oan Qbuzz ferliend is.

Ymplemintaasje nije buskonsesje

De provinsje is tegearre mei Qbuzz begûn mei it ymplemintaasjetrajekt om derfoar te soargjen dat de nije buskonsesje op 15 desimber 2024 úteinsette kin. 

It oanbod fan Qbuzz betsjut in fikse ferbettering foar it Fryske busferfier. It betsjinningsnivo útdrukt yn tsjinstregelingsoeren giet neffens 2023 mei mear as 20% omheech en mei mear as 6% neffens 2019 (foar koroana). Dêrnjonken fiert Qbuzz in grut tal oanpassings en ferbetteringen troch yn it linenet, wêrmei’t it OV mei de auto konkurrearje kin. Qbuzz biedt mei har float ek mear sitplakkapasiteit troch op drokke trajekten gruttere weinen yn te setten, wêrmei’t de tefredenheid fan de klant tanimt.

Op 27 septimber jl. presintearre Qbuzz de nije bussen dêr’t se mei yn Fryslân ride sille. De bussen hawwe in nije útstrieling troch de kleuren fan de fernijde hússtyl fan de provinsje Fryslân en binne tagonklik foar minderfalide reizgers. Ek biede de nije bussen mear wurkkomfort foar de sjauffeurs. 

Mear ynformaasje oer it nije Ferfierplan fan Qbuzz fine jo hjir: Welkom bij Qbuzz Fryslân

De nieuwe bus van QBuzz. Deze is geel met een blauwe rand.

Foar fragen oer dizze webside kinne jo kontakt opnimme fia ús mailadres: provincie@fryslan.frl

Foar alle reis - en reizgerynformaasje ferwize wy jo graach troch nei de webside fan Qbuzz: Welkom bij Qbuzz Fryslân