Kultuernota Tosken yn in nije tiid 2025-2028
Tegearre foar in ryk kultureel lânskip yn Fryslân
Us útgongspunt foar de kommende jierren is dat it belibjen en meitsjen fan keunst en kultuer foar elkenien yn Fryslân tagonklik wêze moat en dat ús kultueroanbod oantreklik is foar besikers. Allinnich dan komme de persoanlike, maatskiplike en artistyk-ynhâldlike wearden fan kultuer goed ta harren rjocht.
Dat útgongspunt meitsje wy konkreet yn de neikommende fjouwer ambysjes:
- Alle Friezen hawwe tagong ta keunst en kultuer, yn it bysûnder bern en jongerein.
- Keunst en kultuer ferrykje ús provinsje. In kwalitatyf heechweardich oanbod, dêr't sawol ynwenners fan Fryslân as besikers fan genietsje kinne, stiet foarop.
- Talint fynt binnen en bûten ús provinsjegrinzen folop de romte om harsels te ûntploaien en sjen te litten.
- Kulturele ynstellingen, en yn it bysûnder musea, fertelle it ferhaal fan Fryslân oansprekkend en op in aktuele wize.