Lânbou-aginda Fryslân

It kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân hawwe yn 2021 de Lânbouaginda 2021 - 2030 fêststeld.

Dizze aginda, mei opsteld troch in grutte groep Fryske belanghawwenden en ynteressearren, moat der de oankommende jierren foar soargje dat we yn 2030 in grûnbûne, natuerynklusive en sirkulêre lânbou hawwe dy’t bydraacht oan it werstel fan bioferskaat en maatskiplik draachflak hat.

Takomstperspektyf foar boeren en mienskip

Lânbou is foar Fryslân wichtich en draacht by oan de Fryske brede wolfeart. Likernôch 10 persint fan de Fryske arbeidsmerk beslacht de lânbou en it oandiel fan ús lânbou yn ‘e Friese eksportwearde is mear as 38 persint. De lândbou is in byldbepalende sektor foar Fryslân en foar Nederlân. Yn ‘e mande mei de Fryske boeren en boargers wurkje we oan ús mienskiplik doel: goed iten út in ryk en fruchtber lânskip. Dêrom hat de provinsje Fryslân in aksjeplan opsteld foar de oankommende njoggen jier: de Fryske Lânbouaginda 2021 - 2030.

Deputearre Klaas Fokkinga: “Dit is in mylpeal foar ús mienskip. We hawwe de lândbouaginda mei in grutte groep fan fertsjintwurdigers út it fjild opsteld. Der binne aksjepunten opsteld dy’t we mei-inoar útfiere sille. Sa stribje we nei in better ekonomysk perspektyf foar de mienskip en foar ús boeren. De boer moat in goed stik brea fertsjinje mar ek ynvestearje kinne yn dizze feroaring. Kinst ommers net grien dwaan ast read stiest.” 

Scholekster in een weiland met op de achtergrond een tractor

Rol provinsje

Yn septimber 2021 hawwe Provinsjale Steaten de Lânbouaginda  oannommen. Provinsje Fryslân ferfolt de oankommende jierren benammen in rol as oanjeier en ferbynt de mienskip mei it plattelân. Wy hawwe as boargers en boeren allegear te krijen mei ferskate maatskiplike en ekologyske winsken, mar wy wurkje gear oan ús takomst wêrby't ús Brede Wolfeart foarop stiet. Dat betsjut dat net allinnich de provinsje mar ek ús belanghawwenden harren ferantwurdlikheid nimme sille.

Yn de Landbouwagenda stean njoggen konkrete aksjepunten, dêr't de kommende jierren de fokus op leit.

  1. In Fryske Voedselkoöperaasje oprjochtsje om de merkkoördinaasje te ferbetterjen en in gruthannelsfunksje te benutten. ( 2021 – 2024)
  2. Regionale ferduorsuming oanslute op ynternasjonale normeringen/standerts foar û.o. suvel en poatguod. ( 2021 – 2024)
  3. In Frysk beheerfûns opsette om dêrmei it steapeljen fan beleannings te realisearjen en in fertsjinmodel foar de kommende 20 jier fêst te lizzen. Dêrby ek fiskale mooglikheden ûndersykje om in fertsjinmodel foar natuerynklusive kringlooplânbou op te setten. ( 2022 -2030) Sjoch filmke mei Ingrid van Huizen
  4. Programma sûne boaiem, rjochte op fitale boaiems, CO 2 - fêstlizzen en klimaatadaptaasje. ( 2021 – 2024)
  5. In mienskiplik programma Dairy Waardetoevoeging ynklusyf ferleging emisjes yn de melkfeehâlderij. Yngrediïnten fan molke keppelje oan weardetafoeging. (2022 -2030)
  6. Undernimmers wurde stipe troch ûnôfhinklike adviseurs, business coaches en ûnderling mentorskip. De provinsje fersterket de rol fan de ynnovaasjemakeler, om agraryske ûndernimmers te stypjen yn harren stap nei natuerynklusive kringlooplânbou. (2021 – 2024)
  7. Grondgebondenheid ferwurden, û.o. troch fermindere administrative lêsten en de kontoeren fan it nije dongbelied ferkenne. ( 2022 -2030)
  8. Fryske koöperaasje foar kringlooplânbou. It doel fan dizze koöperaasje is it ûntwikkeljen fan in folwoeksen merk foar reststreamen en sirkulêre lânbou op in sa lokaal mooglik nivo. (2022 - 2030)
  9. Transysjefûns: It ynstellen fan in Transysjefûns om de ynvestearringsdrompel 26 Fryske Lânbouweinda 2021 – 2030 | Provinsje Fryslân foar boeren dy 't in stap sette nei natuerynklusive kringlooplânbou te ferleegjen. (2021 -2024)

Webinar

Op 12 maaie 2023 wie der in webinar oer de Fryske Landbouwagenda. Foarútrinnend op de fuortgongsrapportaazje dy't dizze simmer ferskynt, waarden belangstellende bypraat oer in tal aktuele ûntwikkelingen.

Carla Boonstra fan Living Lab Fryslân fertelde oer de ynset en resultaten út de Landbouwadviespool en hoe't dizze pool ek de kommende jierren in wichtige pylder foar de agraryske sektor wêze kin.

Agrarysk ûndernimmer Pieter van der Valk fan Ferwâlde joech in taljochting op de koöperative lânbou-organisaasje Agricycling. Dy hat as doel mineralen út reststreamen te benutten. Hokker ympuls kin dizze koöperaasje oan de Fryske agraryske proposysje jaan?

Emiel Elferink, lektor Duorsum boaiembehear by Hegeskoalle Van Hall Larenstein gie úteinlik yn op it tema Boaiem as basis; kennis en kânsen

Sjoch hjir it webinar werom