Subsydzje foar LEADER kin fan 2024 -2027 oanfrege wurde fia de webside fan it SNN. Oanfragen wurde yn de earstfolgjende ronde yn behanneling nommen. Jierliks slute der twa rondes yn it foar- en neijier. Yn 2025 slute de rondes op 10 april en 16 oktober. Nim foar it yntsjinjen fan de oanfraach kontakt op mei de LEADER-coordinator fan ien fan jo gebiet: Noardwest, Súdeast of Súdwest.

Foar wa? 

LEADER is in subsydzjeprogramma foar projekten op it plattelân. Europeeske, lanlike, provinsjale en gemeentlike oerheden ynvestearje fia LEADER mei-inoar yn ideeën út de maatskippij dy't soargje foar in moai en leefber plattelân. De subsydzje is yn de perioade fan 2022 -2027 beskikber foar inisjativen yn de regio's Noardwest-, Súdeast- en Súdwest-Fryslân. 

As jo, as ynwenner, ûndernimmer of bygelyks lid fan in feriening of stichting, in idee hawwe, dan kinne jo dit idee earst oanmelde by de LEADER-coordinator fan jo gebiet. Mooglik komt jo idee yn oanmerking foar LEADER-subsydzje. It giet dêrby om subsydzje-oanfragen fan € 50.000,- oant en mei € 125.000,-.

Begelieding en yntsjinning 

Oanfragen kinne trochrinnend yntsjinne wurde fia de webside fan it SNN. Der binne jierliks twa rondes wêrnei't yntsjinne oanfragen yn behanneling naam wurde. Oanfragen moatte passe binnen de troch in gebiet opstelde Lokale Ontwikkelstrategie. Foar it oanfreegjen wurdt elke oanfreger yn de gelegenheid steld om syn of har projekt te pitchen foar de Lokale Aksjegroep (seleksjekommisje). 

Fia de LEADER-webside kinne jo de Lokale Untwikkelstrategy fan de regio’s Noardwest-, Súdeast- en Súdwest-Fryslân ynsjen. Jo kinne ek fia dizze webside kontakt opnimme mei de LEADER-coordinator fan jo gebiet om yn petear te gean oer de subsydzjemooglikheden, advys oer it opstellen fan in projektplan en it pitchen fan jo projekt.

Fragen? 

Mear ynformaasje oer de LEADER-subsydzje en de begelieding fan it projektidee ta in subsydzje-oanfraach fine jo op de webside fan LEADER Fryslân.