Leeuwarden-Fryslân 2028

Nei it suksesfolle Kulturele Haadstêdjier 2018, wêryn’t Ljouwert-Fryslân him yn al syn fasetten oan ‘e wrâld sjen liet, rjochtet de ferfolchorganisaasje him op it jier 2028. Fryslân is dan noch moaier en sterker, dêr’t we nei ta bouwe mei in wiidweidich en ferskaat programma dêr’t we wichtige tema’s yn oansnije, stimulearje en fasilitearje.

Kultuer is hjirby de motor. Yn útienrinnende projekten, eveneminten, programma’s en uterings moetsje we inoar, om te genietsjen fan keunst en kultuer mar ek om nei te tinken oer en by te dragen oan in moaie takomst foar Fryslân.

Triënnales

It programma nei 2028 ta omfiemt mear as sechtich projekten en is opboud om trije triënnales hinne (2022, 2025 en 2028). It biedet folop romte oan lokale en ynternasjonale talintûntwikkeling.

Generatie 2028

Op 11 july 2019 presintearre de organisaasje Ljouwert-Fryslân 2028 it programmaboek Generatie 2028 dat de Fryske kultuer yn de oankommende jierren fuortsterkje sil.

Mear ynformaasje

Besjoch foar mear ynformaasje de webside fan Arcadia Leeuwarden-Fryslân 2028.