Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

Dizze regeling is op dit stuit sletten.

Mear minsken dy’t Frysk prate, lêze en skriuwe kinne. Dat is it doel fan de subsydzjeregeling Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis. Fan 1 april 2025 ôf oant en mei 31 oktober 2025 kinne subsydzje-oanfragen ynlevere wurde.

Foar wa is de regeling ornearre?

Skoallen yn it fuortset ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis dy’t lesoeren Frysk oanbiede, kinne in berop dwaan op de regeling. De skoallen moatte yn Fryslân stean.

Frysk yn it fuortset ûnderwiis fan it twadde learjier ôf

De provinsje wol it oanbieden fan it fak Frysk nei de earste klasse befoarderje en wol de skoallen helpe om mear learlingen ta te rieden op it eksamen Frysk. Foar lesoeren Frysk fan de twadde klas ôf oant en mei de eksamenklasse kinne skoallen yn it fuortset ûnderwiis subsydzje krije. It giet dan bygelyks om lesoeren Frysk op it tmbû, hafû en twû of om Fryske les yn it fuortset spesjaal ûnderwiis.  

Frysk op MBÛ’s en yn it praktykûnderwiis

De provinsje wol it oanbieden fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis en yn it praktykûnderwiis stypje. Dêrom kinne skoallen yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis subsydzje krije foar alle learjierren, dus ek foar it earste learjier. Dat jildt ek foar regionale opliedingssintra en agraryske opliedingssintra dy’t it Frysk oanbiede yn it ramt fan in beropsoplieding.

Betingsten

De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 4.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

It  subsydzjeplafondis € 178.000 euro. It subsydzjeplafond is beskikber fan 1 april 2025 ôf oant en mei 31 oktober 2025. Oanfragen dy’t bûten dy perioade yntsjinne wurde, wurde wegere.

Oanfraachformulier

Jo oanfraach kinne jo digitaal yntsjinje. Dêrfoar binne jo as skoalle eHerkenning nedich. Dogge jo as dosint de oanfraach, dan kinne jo mei DigiD ynlogge en moatte jo in rjochtsjildige machtiging fan it skoalbestjoer uploade. 

It oanfraachformulier komt op de earste dei fan de iepenstelling beskikber. 

De taheakke dy't jo uploade moatte yn it oanfraachformulier, kinne jo fêst ûnderyn dizze side fine en tariede. Tink derom: dit is nét it oanfraachformulier.

Mear ynformaasje

As jo fragen hawwe oer de regeling kinne jo skilje mei de provinsje op 058 - 292 59 25 of mail provincie@fryslan.frl.