LIFE All4Biodiversity
Yn it LIFE All4 Biodiversity programma wurket provinsje Fryslân gear mei ferskate partijen om de kwaliteit fan natuergebieten yn Nederlân te ferheegjen. Troch ferdrûging, fersnippering of tefolle stikstof stiet de natuer ûnder druk. All4Biodiversity wol dêr wat oan dwaan mei in seisjierrich programma (2020 -2025 ).
Mei dit programma wolle wy de kwaliteit fan natuergebieten yn Nederlân ferheegje troch in allesomfiemjende oanpak foar it behear fan de Natura 2000 gebieten te ûntwikkeljen yn gearwurking mei alle lânbrûkers. Dus ek yn Fryslân.
Mear ynformaasje oer All4Biodiversity.
All4Biodiversity yn Fryslân
Op de Waadeilannen fine je unike natuer dêr 't je genietsje kinne fan rêst, moaie lânskippen en in echt fakânsjegefoel. Plant - en diersoarten dy ' tst nearne oars fine silst. Om dizze natuer te beskermjen en it lokale bioferskaat te ferheegjen, wurde der ferskate pilots opset troch All4 Biodiversity. Sa sil provinsje Fryslân mei partners yn it gebiet oan de slach om it lokale lângebrûk mear natuerynklusyf te meitsjen, de wetterhúshâlding te optimalisearjen en de kwaliteit fan de natuer op de eilannen te ferheegjen.
Op de eilannen sette Provinsje Fryslân, Agrarisch Collectief Waddenvogels, Wetterskip Fryslân, de wadden gemeenten, Natuurmonumenten, Staatsbosbeheer, Vogelbescherming, de pleatslike fûgelwacht, agrariërs en It Fryske Gea harren yn foar de folgjende haadopjeften:
- It oanpassen fan de wetterhúshâlding yn de polders yn guon pilotgebieten: troch yngrepen yn de wetterhúshâlding yn de polder kinne mear natuerlike (grûn)wetteroergongen ûntstean yn en om de Natura 2000 - gebieten;
- It opsetten fan pilots foar natuerynklusive lânbou en agrarysk natuerbehear;
- It ûntwikkeljen fan in stakeholdernetwurk rûnom Natura 2000 - gebieten op de eilannen en bewustwurding fan elkenien impact;
- It ûntwikkeljen fan in KANO (foar bioferskaat) foar bioferskaat.
Wolst mear witte oer it waadgebiet? Sjoch dan op Wadden | Fryslan.