Loket Omjouwingssaken
De Omjouwingswet is op 1 jannewaris 2024 yngien. Sûnt dy tiid geane jo nei in sintraal loket foar oanfragen foar de omjouwing: it Omgevingsloket.
Op dit Omjouwingsloket kinne jo sels útsykje oft jo aktiviteit op in lokaasje kin en oft der in fergunning of melding foar nedich is. Fia it Omjouwingsloket kinne jo dy fergunning oanfreegje of melding fuortendaliks yntsjinje. Wy wurkje hieltyd troch oan ferbetteringen fan dit Omgevingsloket.
Tiene jo de oanfraach yn foar in bedriuw en jilde der foar dit bedriuw miljeuregels? Doch dan altyd de fergunningcheck foardat jo in oanfraach of melding yntsjinje. As jo de fergunningcheck ôfrûne hawwe, krije jo in aksjelist. Ut de aksjelist wei kinne jo fuortendaliks trochgean nei 'Oanfraach tariede'. Jo komme dan automatysk yn de goede oanfraach- en meldingsformulieren.
Fia de side Producten, Vergunningen en Ontheffingen | Fryslan kinne jo mear ynformaasje fine oer it dwaan fan oanfragen en meldingen.
As jo der net út komme by de fergunningskeck of - oanfraach sykje dan kontakt mei ús Klantkontaktsintrum of dy fan jo gemeente. Wy helpe jo graach.
Der is ek in mooglikheid om jo idee ynformeel oan ús foar te lizzen om te bepraten. Sykje hjirfoar kontakt mei ús Klantkontaktsintrum ûnder kantoaroeren of folje ûndersteand formulier fuortendaliks yn. As jo dat lêste dogge, nimme wy kontakt mei jo op.
Yn guon gefallen, bygelyks as jo idee net yn it omjouwingsplan fan de gemeente past, is de gemeente jo earste oansprekpunt. Wy sille jo dan trochferwize.
Kontakt mei ús Klantkontaktsintrum
Ko kinne maile nei: provincie@fryslan.frl skylje mei: 058 - 292 59 25 of folje it online formulier yn.