Mear romte foar fûgels en fisken op de Mokkebank

De fûgels en fisken krije mear romte om te brieden en paaien yn natuergebiet de Mokkebank. Dit rike natuergebiet leit lâns de Wieldyk, tusken Bakhuzen en Laaksum. It Fryske Gea en Vogelbescherming Nederland trapen hjoed mei deputearre Friso Douwstra en wethâlders Henk de Boer fan gemeente Súdwest-Fryslân en Remboud van Iddekinge fan gemeente De Fryske Marren de wurksumheden ôf. 

Om in ympuls te jaan oan it gebiet wurde der twa sompegebieten oanlein fol fariaasje en mei in natuerlik wetterpeil. Dêrneist komt hjir ek in fiskpassaazje. Dizze oanpassingen jouwe fisken romte om te paaien. De útkommen jonge fisk kin hjir opgroeie en dêrnei fierder lûke nei de Iselmar. Dit soarget foar ferbettering fan de fiskstân. De sompegebieten soargje foar in oantreklik leefgebiet foar fûgels lykas de wytstirns, fiskearn en reiddomp. 

Chris Bakker, adjunkt-direkteur It Fryske Gea: “De Fryske Iselmarkust is de natuerlike râne fan de Iselmar. Mei dit projekt biede wy mear romte foar fisk om te paaien en op te groeien. Ek litte we mear wetterreid ûntstean, dêr't seldsume reidfûgels briede kinne. Dat is foar de hiele Iselmar fan belang. We meitsje in ekstra kuierpaad en ferpleatse de fûgelsjochhutte nei in plak dêr't aanst in soad te sjen is, sadat besikers it gebiet goed belibje kinne.” 

Manon Tentij, Haad Beskerming by Vogelbescherming Nederland, jout oan wat it belang is fan dizze gebietsoanpassings: “Van dit grote zoetwatermeer zijn honderdduizenden vogels afhankelijk. Het project helpt de vogels enorm, omdat er meer ruimte en voedsel beschikbaar komt voor kwetsbare soorten als de grote karekiet en de visdief. We zijn dan ook erg blij dat dit samenwerkingsproject nu van start gaat en zien uit naar een duurzame samenwerking.

Eksklusyf 'kijkje' yn it gebiet

It Fryske Gea organisearre fan 'e middei in ekskurzje troch it gebiet. Spesjaal foar belutsenen út de regio. Chris Bakker, adjunkt-direkteur en Germ van der Burg, distriktshaad fan It Fryske Gea fertelden oer de maatregels dy't aanst útfierd wurde en oer de bysûndere planten en bisten dy't yn dit gebiet te finen binne. Letter dizze simmer folgje ekskurzjes foar omwenners, leden fan de feriening en oare ynteressearren. . 

Fersterkje Fryske Iselmarkust

De ferbetteringen oan it gebiet de Mokkebank binne ûnderdiel fan it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust. Dit is in gearwurking tusken it Ryk en de regio. Regionaal giet it om in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en It Fryske Gea. Dizze organisaasjes sette harren yn foar it fergrutsjen fan de wetterfeiligens, it lytser meitsjen fan de kâns op wetteroerlêst en it ferheegjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. It projekt by de Mokkebank waard mei ûntwikkele en betelle troch Vogelbescherming Nederland. Dêrneist wurde spesifyk dizze ferbetteringen mooglik makke mei stipe fan de Nationale Postcode Loterij foar it projekt Meer IJsselmeer fan Vogelbescherming Nederland. 

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Fryske Iselmarkust op www.frieseijsselmeerkust.frl.