Mear witte oer it beskermjen fan gebieten?
It beskermjen fan natuergebieten wurdt regele yn ’e Omjouwingswet. Foaral de oanwiisde Natura 2000-gebieten krije dêrby omtinken om ’e yn dy gebieten kwetsbere natuer te beskermjen.
Natura 2000-gebieten yn Fryslân
Natura 2000 is in netwurk fan beskerme natuergebieten yn Europa dêr’t bysûndere bisten en planten yn foarkomme. It Natura 2000-netwurk omfiemet de wichtichste natuergebieten fan Europa. 162 fan dy gebieten lizze yn Nederlân; 20 dêrfan lizze foar in part of alhielendal yn ’e provinsje Fryslân. Foar elk gebiet is in beheerplan opsteld.
Wolle jo mear ynformaasje oer dy gebieten, dan kinne jo sjen op ’e website van de Rijksoverheid (ministerie LNV). Jo fine dêr, njonken de offisjele besluten, ek algemiene ynformaasje oer it gebiet en ynformaasje oer de ferskillende soarten en habitattypen (fegetaasje) dêr’t it gebiet foar oanwiisd is. In habitattype is in bepaald type ekosysteem op it lân of yn it wetter mei kenmerkende eigenskippen. As jo in aktiviteit útfiere wolle, dan moatte jo mei dy soarten en habitattypen rekken hâlde.
Mear ynfomaasjeoer it oanfreechjen fan in omjouwingsfergunning.