Mear ynformaasje Enerzjyscan
Doelstelling
It doel fan de KlimOp enerzjyscan is om globaal ynsjoch te krijen yn de ferduorsumingsmooglikheden fan gebouwen fan 150 m2 BVO ôf. De fokus leit op quickwins en omtinken foar bewustwurding, gedrachsferoaring en enerzjycoaching.
Resultaat
Nei ôfrin wit de klant wat (en yn hokker folchoarder) te dwaan om it pân te ferduorsumjen. Ek hat de klant in globaal idee by de kosten en weromfertsjintiden en/of opbringsten/besparringen.
Produkteasken
De adviseur docht de opname leafst tegearre mei klant/eigener en besteget ûnder mear omtinken oan de punten út de checklist (oersjoch hjirûnder).
Checklist KlimOp enerzjyscan
Fan de adviseurs wurdt ferwachte dat op syn minst de punten út de checklist neirûn wurde en dat dêroer advisearre wurdt.
Rapportaazje
De adviseur makket in bondige rapportaazje mei konkrete quickwins taspitst op de spesifike situaasje en de winsken fan de klant.
De skatte kosten en opbringsten wurde bepaald op basis fan oerflakten/hoemannichten en kosten kentallen fan RVO. Foar guon maatregels, lykas it ferbetterjen fan de isolaasje en alternative ferwaarmingssystemen, is mooglik yn tige spesifike situaasjes oanfoljend ûndersyk fereaske. Jou yn it advysrapport oan oft oanfoljend ûndersyk sinfol is en wat dêrfan de kosten foar de eigener binne.
Nei ôfrûning ljochtet de adviseur it rapport yn in petear, al of net op lokaasje, neier ta.
De rapportaazje is slagge as de pandeigener begrypt wat har/him te dwaan stiet en wat de globale kosten en opbringsten binne.
Nei oplevering fan it advysrapport kin de klant meidwaan oan in troch de provinsje organisearre online gearkomste mei maksimaal 4 klanten, wêrby't koartlyn in advysrapport oplevere is. By de gearkomste, dêr't as jo wolle ek de duorsumensadviseur(s) by wêze kinne (gjin ferplichting), wurdt omtinken jûn oan enerzjycoaching en wurdt de klant stipe by it opstellen fan in Plan fan Oanpak om enerzjy te besparjen. Dit Plan fan Oanpak jout de klant konkreet ynsjoch yn 'wat fan no ôf te dwaan'.
Checklist KlimOp
Hjirûnder in checklist mei saken dêr't minimaal omtinken oan bestege wurde moat. Fansels stiet it de adviseur frij om ekstra maatregels te ûndersykjen.
Gebouskil
- Flier
- Dak
- Spou
- Isolaasjeglês
Ferwaarming
- Keteldruk
- Sôneregeling
- Radiatorfoalje
- Basistemperatuer
- Bewarmingsbuizen en appedages
- CV-fermogen en/of oanfiertemperatuer
- Ferwarmingsynstallaasje
- Alternative ferwaarmingsboarnen
Waarm tapwetter
- Systeem foar waarm tapwetter
Koeling
- It binnenklimaat is ek yn de simmer komfortabel
Verljochting
- Led-verljochting
Oar
- Fentilaasje
- Kierdichting
- Slûmerferbrûk (Slimmemeterportal. nl en/of ferbrûksgegevens fan enerzjyleveransier)
- Sinnepanielen
- Plafondfentilator om waarme lucht omleech te blazen
- Tûke meter
- Kapasiteit gas- en elektrisiteitsoansluting passend by gebou
- Eventueel oare advisearre maatregels