Melden en ynformearje oer sanearjen en graven
Geane jo boaiem sanearje, grûnwetter sanearje of grave yn de fersêde sône fan de boaiem? Jo moatte dan op ferskate mominten de provinsje ynformearje oer jo wurksumheden. Der is in ferskil tusken meldplichten en ynformaasjeplichten. De meld-en ynformaasjeplichten binne opnommen yn haadstik 4 fan de Omjouwingsferoardening Fryslân.
Meldplichten
Jo moatte de folgjende wurksumheden melde:
- Graven in de verzadigde zone met een kwaliteit boven de signaleringsparameter grûnwetter. It giet hjir om de sinjalearingsparameter yn it grûnwetter.
- Sanearje fan grûnwetter.
Ynformaasjeplichten
Der jildt in ynformaasjeplicht foar it jaan fan de neikommende gegevens:
- As it giet oer boaiemsanearring en grûnwettersanearring:
- De oanfang fan de sanearring;
- It feroarjen fan de oanfangsdatum;
- It ôfwiken fan it saneringsplan;
- It berikken fan de eindjipte en einbreedte en oanfolling fan de ûntgraving fan de boaiemsanearring;
- It evaluaasjeferslach;
- It neisoarchplan;
En dêrneist allinnich by grûnwettersanearring noch de neikommende gegevens:
- de begrinzing fan de lokaasje.
- de namme en it adres fan de útfierder (of it wizigjen dêrfan );
- de namme en it adres fan de opdrachtjouwer (of it wizigjen dêrfan );
- de namme en it adres fan de miljeukundich begelieder (of it wizigjen dêrfan );
- it beëinigjen fan de grûnwettersanearing;
- in fuortgongsferslach as de sanearring langer duorret as ien jier.
It graven yn de sânige sône fan de boaiem mei in kwaliteit ûnder de sinjalearingsparameter.
As it giet om grêven yn de sêde sône fan de boaiem mei in kwaliteit boppe de sinjalearingsparameter grûnwetter:
- de oanfang fan de aktiviteit;
- de begrinzing fan de lokaasje;
- omskriuwing ferwachte djoer fan de aktiviteit;
- de oanlieding en it doel fan de aktiviteit;
- de namme en it adres fan de útfierder (of it wizigjen dêrfan);
- de namme en it adres fan de opdrachtjouwer (of it feroarjen dêrfan) en de namme dêrfan;
- de namme en it adres fan de miljeukundich begelieder (of it wizigjen dêrfan).
Melding en ynformaasje yntsjinje
Melden en ynformearje kin fia it Omgevingsloket fan it Digitaal Stelsel Omgevingsrecht (DSO). Jo kieze dan foar ‘Oanfragen’. Yn stap 3 kieze jo yn de linkerkolom foar ‘Provinsje’. It goede meldingsformulier en ynformaasjeformulier ferskine dan yn byld:
- Bodem saneren – Melding (Provincie)
- Bodem saneren – Informatie (Provincie)
Foar it dwaan fan in melding of it jaan fan ynformaasje hawwe jo jo Digi-D, of eHerkenning nedich. Slagget it jo net om de melding online ôf te hanneljen? Nim dan kontakt op mei 058 - 292 59 25.
Melden Beslút unifoarme sanearringen
Foar ienfâldige en lyksoartige sanearringen dy't yn koarte tiid ôfrûne wurde, jildt in ienfâldiger proseduere. Dat is regele yn it Bus (Besluit uniforme saneringen). Mei help fan in standert formulier dogge jo in melding. Fiif wike (yn guon gefallen 5 dagen) nei de melding kinne jo úteinsette mei de sanearring.
Jo kinne jo melding digitaal yntsjinje by de provinsje Fryslân mei ûndersteande link:
Bodemverontreinigingen melden BUS-melding
Kontakt
Foar mear ynformaasje en/of fragen kinne jo terjochte by it klantkontaktsintrum fan ’e provinsje Fryslân of by de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).