Meldpunt Fryske Taal

Hawwe jo fragen oer it gebrûk fan de Fryske taal yn Fryslân? Bygelyks oer it gebrûk fan de Fryske taal yn kontakt mei jo gemeente? Of in oare oerheidsynstânsje sa as de Fryske plysje, UWV of Belestingtsjinst? Dan kinne jo terjochte by it Meldpunt Fryske taal.

Foar 450.000 ynwenners fan de provinsje is it gebrûk fan de Fryske taal frij fanselssprekkend. Dochs binne de rjochten en plichten oangeande de Fryske taal net altyd dúdlik. Mei it Meldpunt Fryske taal moat dat foarby wêze.

Melding trochjaan

It meldpunt is fan 1 april ôf alle wurkdagen berikber tusken 8:30 en 17:00 oere fia tillefoannûmer 058 - 292 50 05. Jo kinne jo melding ek anonym dwaan. Jo kontaktgegevens wurde dan net registrearre. Jo sille dan gjin reaksje fan de provinsje ûntfange, mar de melding wurdt wol foar kundskip registrearre. Neist telefoanysk, kinne jo fan 1 april ôf ek fia in digitaal formulier in melding trochjaan. Klik hjirfoar op 'Jou in melding troch'.

Jou in melding troch

Ûndersyk

Op guon telefoanyske fragen en meldingen krije jo daliks in reaksje fan de provinsje. Oare meldingen freegje mear tiid. Jo ûntfange yn alle gefallen in befêstiging fan ûntfangst fan de melding (as jo de melding net anonym dogge). As der oare oerheden of bedriuwen by de melding behelle binne, siket de provinsje kontakt mei de oanbelangjenden om de melding te beäntwurdzjen. Guon meldingen freegje faaks om mear ûndersyk. De provinsje fiert dat út en jout dêrnei in antwurd oan de melder. De provinsje makket alle jierren in ferslach fan alle meldingen dy’t by it meldpunt ynkommen binne.

Taalskipper

It meldpunt jout de provinsje wichtige ynformaasje oer wat der spilet oangeande de Fryske taal. Dy ynformaasje kin de provinsje brûke foar it ferbetterjen fan it eigen taalbelied. Mei it ynstellen fan in Meldpunt Fryske taal jout de provinsje ynfolling oan in ôfspraak út de Bestjoersoerienkomst Fryske Taal en Kultuer (BFTK). De provinsje is de Taalskipper: de hoeder fan de Fryske taal en dêrmei ferantwurdlik foar it neilibjen fan de Wet Gebrûk Fryske Taal (WGFT), ûnderwiiswetjouwing foar de Fryske taal en de ôfspraken út de BFTK. Yn 2022 wurdt it Meldpunt Fryske taal evaluearre.