Melkfeehâlders yn Frysk Feangreidegebiet bouwe oan eigen perspektyf

Acht Fryske melkfeehâlders dy’t mei Wageningen University & Research bedriuwsplannen foar 2030 útwurke hawwe, sjogge kânsen foar de takomst foar harren bedriuwen yn it Feangreidegebiet, as de wetterpeilen dêr ferhege wurde. It meastepart wol ekstinsiver en duorsumer buorkje. De acht ferwachtsje in soad fan de Compensatie Systematiek Veenweiden (CSV) dy’t op 28 juny presintearre is. 

Plannen meitsje foar it eigen melkfeebedriuw yn in tiid mei in soad ûnwissichheden oer dy takomst. Dat is wat de acht melkfeehâlders yn 2023 dien hawwe. Mei as doel om it perspektyf te ferkennen foar trije bedriuwssystemen dy’t by it ferlet fan merk en maatskippij yn 2030 oanslute.

Dat binne yn folchoarder fan hoefolle molke oft der de ha produsearre wurdt:

  1. Yntinsyf bedriuw mei 15.000 – 20.0000 kg molke de ha;
  2. Ekstinsyf bedriuw mei 30% lân mei beheinings en 12.000 – 14.000 kg molke de ha; en
  3. Ekstinsyf bedriuw mei 70% lân mei beheinings en 8.000 – 12.000 kg molke de ha.

De neamde beheinings hawwe te krijen mei natuerbehear en ferheging fan it wetterpeil.

Perspektyf fan ûnderskate bedriuwssystemen

Yn alle bedriuwssystemen liede it hegere wetterpeil en maatskiplike winsken oangeande ekstinsivearring ta minder produsearre molke de hektare. Foar in part wurdt dat feroarsake om’t it útgongspunt wie dat melkfeehâlders de skea, dy’t út peilferheging ûntstiet, fia de Compensatie Systematiek Veenweiden kompensearre krije. It giet dan om fermogensskea (fermindering fan grûnwearde) en ynkommensskea. De CSV-problematyk is der op rjochte om de fergoeding foar in part yn grûn en foar in part yn jild út te kearen.

Alle bedriuwen stribje dernei harren totale molkeleverânsje op peil te hâlden of wat te ferheegjen. Dat kin troch mear krachtfoer de ko te fuorjen of troch ekstra grûn oan te keapjen en ekstra kij te hâlden. De grûnkompensaasje likegoed as de oanfoljende eigen grûnoankeapen liede yn hast alle plannen ta ekstinsivearring: minder molke de hektare.

Op trije fan de acht bedriuwen rint de molkeleverânsje wat werom, mei as gefolch fan de ferwachte mindere kwaliteit fan it gers op greide mei in heger wetterpeil. Foar de bedriuwen mei in ekstinsyf bedriuwssysteem is it oerskeakeljen op biologyske produksje de muoite wurdich om te ferkennen. Ien bedriuw wie by de start al biologysk, twa bedriuwen hawwe in plan makke dêr’t út bliken docht dat de oergong nei biologysk ekonomysk oantreklik is. Sy sjogge yn peilferheging en natuerbehear kânsen om harren bedriuw fierder te ûntwikkeljen.

Duorsumens ferbetteret

De opstelde plannen binne ekonomysk helber en ferbetterje de duorsumens. De winst oan duorsumens wurdt foar in part troch it ekstinsivearjen feroarsake. Dat ferminderet de miljeudruk fan it bedriuw. Dêrnjonken hat ek it tanimmen fan agrarysk natuerbehear in posityf effekt.

Meardere ûntwikkelrjochtings mooglik

De melkfeehâlders hawwe tige útinoar rinnende plannen oplevere. De ferskillen wurde foar in part feroarsake troch ferskillen yn ideaalbylden dy’t de melkfeehâlders oer it takomstige melkfeebedriuw hawwe. Mar ek troch ferskillen yn de wize wêrop’t sjoen wurdt nei kânsen en bedrigings yn merk en maatskippij. Ek de útgongssituaasje is fan ynfloed, benammen it nivo fan de skuld en de dongpleatsingsromte. De eigen motivaasje foar in plan en de kreativiteit om it yn te foljen en it winske resultaat te heljen, binne tige beskiedend foar in goed fertsjinmodel.

Oanrekommandaasjes

Op basis fan de ûnderfinings mei dit proses fan planfoarming binne oanrekommandaasjes foar melkfeehâlders, oerheden, ôfnimmers en leveransiers jûn om it meitsjen fan plannen mei perspektyf yn alle bedriuwssystemen better te stypjen. Se roppe it wetterskip en de provinsje op om mear mei boeren oan peilferheging en wetterbehear te wurkjen en wize der mei klam op dat de Compensatie Systematyk Veenweiden dêrby in essinsjeel ynstrumint is om by hegere wetterpeilen takomstperspektyf te hâlden. Dêrfoar freegje sy om in aktyf provinsjaal grûnbelied en grûnkompensaasje, dy’t it ekstinsivearjen foar melkfeehâlders mooglik makket, heech op de prioriteitelist te setten.

Een weiland waar een sloot in een V-vorm omheen loopt. In de wei lopen koeien.
Foto: Marcus Pasveer