Mienskiplik Lânboubelied (MLB)
Webinar: ha jo plannen foar in gebietsûntwikkeling?
Wolle jo bydrage oan it ferbetterjen fan lânbou, klimaat, natuer en de leefomjouwing yn Fryslân? Freegje dan subsydzje oan foar it opsetten fan in gearwurkingsferbân, it opstellen fan in gebietsopjefte en de útwurking dêrfan yn in gebietsplan.
Op woansdei 12 febrewaris fan 16.00 oant 17.00 oere organisearje wy in webinar mei útlis oer dizze subsydzjeregeling. Hjirby is der ek genôch romte om fragen te stellen. Fan herte wolkom om hjirby te wêzen!

Planfoarming
De regeling foar it yntsjinjen fan plannen stiet iepen oant en mei 1 april 2025. Foar elk plan is € 40.000 euro beskikber. Jo kinne earst frijbliuwend in planfoarstel fan twa siden ynleverje. Dat kin oant 5 maart, wêrby't jo feedback ûntfange op jo foarstel foar in optimale oansluting by de iepenstellingsbetingsten. Mear ynformaasje hjiroer lêze jo yn de regeling en we ljochtsje dat ta yn it webinar.
Utfiering
Foar de úteinlike útfiering fan it gebietsplan folget in aparte iepenstelling fan 31 july 2025 ôf. By it webinar jouwe wy ek útlis oer dizze regeling en oer de gearhing en ferskillen tusken de beide regelingen.
Oanmelde foar it webinar? Stjoer in mail nei landbouwennatuur@fryslan.frl
Graach oant woansdei 12 febrewaris 16.00 oere!
Mear ynformaasje
Takomstbestindich buorkje
Ryk, provinsjes, gemeenten en wetterskippen wurkje gear mei alle belutsenen op it plattelân om takomstbestindige lânbou mooglik te meitsjen. Echte feroaringen fine ommers faak plak troch beslissingen dy't oan 'e keukenstafel, op it boerehiem of yn it bûtengebiet nommen wurde. It Mienskiplik Lânboubelied (GLB) biedt in grut tal Europeeske, nasjonale en provinsjale stipemaatregels. Yn de perioade 2020 -2027 is sa ’n € 1100 miljoen jiers beskikber foar fierdere ferduorsuming fan de lânbou. Sa wurde boeren fergoede dy't, njonken it produsearjen fan iten, ek omtinken hawwe foar de natuer en it miljeu. In spesjaal yn it libben roppen regyorganisaasje GLB stipet de gearwurking fan alle belutsenen, sjocht ta op de útfiering en helpt bystjoeren wêr nedich.
It Nationaal Strategisch Pla
n Op 1 jannewaris 2023 is it Nationaal Strategisch Plan (NSP) yngien. It NSP is ûnderdiel fan it GLB en is de opfolger fan it foargeande GLB 2014 -2022 dêr 't de POP 3 (Plattelands Ontwikkelingsprogramma) ûnderdiel fan wie.
It NSP hat de folgjende doelen:
- tûke, fearkrêftige lânbou;
- miljeu, bioferskaat en klimaat;
- brede plattelânsûntwikkeling.
Oerkoepeljende doelen binne kennis, ynnovaasje en netwurkfoarming. Agrariërs kinne in fergoeding krije foar it fersterkjen fan de natuer en in leefber plattelân. Der is subsydzje beskikber foar duorsume ynvestearringen lykas bedriuwsmodernisearring, ammoniakmaatregels of in lichter masinepark.
It NSP wurdt útfierd troch Ryk en provinsje mei-inoar. Dit betsjut dat der sawol troch de provinsje as troch it Ryk subsydzjeiepenstellingen dien wurde kinne. Op de webside www.RVO.nl fine jo alle subsydzjes fan it Ryk.
GLB-regelingen
It GLB bestiet út grûnbûne regelingen, lykas de basisstipe, de eko-regelingen en it Agrarysk Natuer- en Lânskipsbehear (ANLb). Dêrneist binne der net oan grûn bûne regelingen foar it realisearjen fan in duorsume omjouwing. Hjirby giet it om:
- Projektsubsydzjes: foar gearwurking, ynnovaasje, ynvestearringen en kennisdieling;
- JOLA: stiet foar jonge lânbouwers. Is ûnderdiel fan de projektsubsydzjes, wêrby't jonge boeren en túnkers ekstra stipe wurde;
- LEADER: subsydzjes foar lokale plattelânsûntwikkeling mei omtinken foar klimaat, miljeu, wetter en bioferskaat.
De provinsjes fiere it ANLb en de regelingen sûnder grûn út en kinne binnen de kaders ynfolling jaan oan it doel dêr't se dy regelingen foar brûkt.
Yn de provinsje Fryslân is in earste planning opsteld foar de subsydzjes yn 2024.
Der binne subsydzjemooglikheden foar:
- Produktive ynvestearrings ek foar jonge lânbouwers: ynvestearrings foar op it agraryske bedriuw lykas masines, voedselhagen en wetteropslach.
- Net produktive ynvestearrings op net-lânboubedriuwen: Ynvestearrings foar werstel en ynrjochting fan it lanlik gebiet bygelyks troch lânskipseleminten, ynvestearrings foar klimaat bestindige wetterhúshâlding en bioferskaat.
- Net produktive ynvestearrings op lânboubedriuwen: Ynvestearrings op agraryske grûn foar bygelyks lânskipseleminten, wetterberging en bioferskaat.
- Gearwurking foar ynnovaasje yn it ramt fan EIP: Ynnovaasjeprojekten foar de lânbou
- Gearwurking foar plattelânsûntwikkeling-LEADER: Projekten foar de sosjale en ekonomyske ûntwikkeling fan it plattelân.
Ynkoarten folget in bywurke kalinder.
De regeling mei dêryn de subsydzjebetingsten fine jo fia dizze link.
Wolle jo ien fan de provinsjale subsydzjes oanfreegje? Dat kin fia de webside www.SNN.nl
Wolle jo ien fan de Rykssubsydzjes oanfreegje út it nije GLB? Dat kin fia RVO:
- Foar grûnbûne regelingen lykas de basispreemje
- Foar projektsubsydzjes (net grûnbûne regelingen) lykas ynnovaasje en kennisdieling.
De âlde regeling POP3+
Yntusken is it programma POP3(+) foar 2014 en 2022 ôfrûne. Dat betsjut dat gjin iepenstellingen ûnder it POP mear plakfine sille. Oant 2025 sille de subsydzjeferlingingen ôfrûne wurde. Foar fragen oer in subsydzjeferliening ûnder it POP3(+) kinne jo terjochte by it SNN.
Algemiene ynformaasje
- It NSP Home | Toekomst GLB
- Mear ynformaasje regelingen Regelingen en instrumenten | Toekomst GLB
- Op Europeesk nivo Europese Commissie
- de simulatietool
- Flyer subsyszjes Mienskiplik Lânboubelied, bij hokker organisaasjes kinne jo terjochte
Provinsje Fryslân organisearre yn novimber en desimber 2022 in oantal ynformaasjebyienkomsten. Hjir fine jo de faak stelde frachen mei antwurden.
Sjoch it ynformatyf webinar dan provinsje Fryslân, july 2022 werom.
Kontakt
Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) is jo oansprekpunt. It SNN fiert foar de trije noardlike provinsjes it NSP út. Dit betsjut dat SNN de subsydzje-oanfragen behannelet en de oanfregers stipet.
Hawwe jo in fraach oangeande it dwaan fan oanfraach foar in besteande iepenstelling, nim dan kontakt op mei SNN.
Hawwe jo in algemiene fraach oer it GLB, POP3(+), it NSP of de subsydzjes? Dan kinne jo maile of belje mei de provinsje Fryslân fia provincie@fryslan.frl / 058 - 292 59 25.