Modder op ‘e dyk
It is risptiid en dus is der wer mear lânbouferkear op ‘e dyk. Kombinearje dit mei reinich waar en de kâns is grut dat der modder op ‘e dyk leit. Dêrtroch is der mear kâns op slipgefaar foar de oare weibrûkers. It is wichtich dat weibrûkers dêr op tared binne.
Mei de modderkampanje meitsje wy weibrûkers bewust fan it gefaar fan modder op ‘e dyk. Ek ynformearje wy harren oer wat sy dwaan moatte as se modder op ‘e dyk tsjinkomme. Boeren en leanwurkers attindearje wy op wat sy dwaan moatte as sy modder op ‘e dyk feroarsaakje.
De kampanje bestiet ûnder oaren út spandoeken by de dyk, advertinsjes, posters en in radiospot. Boeren en leanwurkers binne ferantwurdlik om de dyk skjin te hâlden.
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.