N351 Easterwâlde-Wolvegea-Slikenboarch

Dizze maitiid sette wy útein mei ûnderhâldswurksumheden oan de provinsjale dyk tusken Easterwâlde en Slikenboarch, de N351. It wurk ferdiele wy yn fjouwer fazen. Yn dizze mail fertelle wy graach wat wy wannear dogge en ferwize wy jo nei taheakke omliedingsrûtekaartsjes.

Faze 1 Easterwâlde-Makkingea (12 maaie o/m 30 maaie) 

Fan moandei 12 maaie o/m freed 30 maaie foarsjogge wy de provinsjale dyk tusken Easterwâlde en Makkingea fan nij asfalt. De dyk is dei en nacht ôfsletten foar al it ferkear.

Bovenaanzicht van de omleiding in aaneengesloten lijn. De stippellijn geeft de werkzaamheden aan.

Faze 2 Kom Nijeberkeap (2 juny o/m 6 juny) 

Fan moandei 2 juny o/m freed 6 juny wurkje wy oan de kom Nijeberkeap. De dyk is dei en nacht ôfsletten foar al it ferkear.

Bovenaanzicht van de omleiding in aaneengesloten lijn. De stippellijn geeft de werkzaamheden aan.

Faze 3 Aldeberkeap – Wolvegea (9 juny o/m 25 july)

Faze 3 diele wy op yn twa dielen. Yn faze 3a wurkje wy oan de provinsjale dyk tusken Aldeberkeap en oant rotonde Wolvegea fan 9 juny o/m 11 july. De dyk is dei en nacht ôfsletten foar ferkear. De rotonde by Wolvegea is yn dizze perioade trije dagen ôfsletten. Dizze data binne noch net bekend en sille wy tsjin dy tiid kommunisearje op dizze side. 

Bovenaanzicht van de omleiding in aaneengesloten lijn. De stippellijn geeft de werkzaamheden aan.

Yn faze 3b wurkje wy oan de paralleldyk fan 14 july o/m 25 july. De provinsjale dyk is dan wol wer iepen foar ferkear. It lânbouferkear rydt op de provinsjale dyk en der jildt in snelheidsbeheining.

Bovenaanzicht van de omleiding in aaneengesloten lijn. De stippellijn geeft de werkzaamheden aan.

Faze 4 Wolvegea-Slikenboarch (18 augustus o/m 5 septimber)

Fan moandei 18 augustus o/m 5 septimber wurkje wy oan de paralleldyk tusken Wolvegea en Slikenboarch. Under dit wurk binne de krúspunten Zeedijk/Lindedijk en krúspunt Grindweg maksimaal trije dagen ôfsletten fan 9.00 oere oant 15.00 oere. De krúspunten sille net tagelyk ôfsletten wêze. Dy data kommunisearje wy op dizze side.

Iepenbier ferfier

It iepenbier ferfier rydt ûnder it wurk oan alternative rûte. Witte wêr? Sjoch foardat jo ôfreizgje op www.qbuzz.nl

Fragen?

Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân. Dat kin telefoanysk fan moandei oant en mei freed 058 – 292 59 25 of maile nei provincie@fryslan.frl.