N358 Uterwei
Efter de skermen binne wy drok dwaande mei de tariedingen foar de wurksumheden oan de Uterwei (N358 ). It bestimmingsplan is sûnt 2019 definityf. De earste faze fan it wurk, it ferlizzen fan de kabels en liedingen, hawwe wy ôfrûne. No komt de twadde faze yn byld. Dan ha we it oer de fytstunnel Rysloane en it oanpassen fan de dyk mei de ovonde en oanlis fan paralleldiken. Op dizze side fine jo de lêste stân fan saken.
Faze 2
Wy hawwe yn de tarieding op it wurk beammen en strûken fuorthelle. Ek libbet yn dit gebiet de wetterspitsmûs. Troch de oanlis fan de nije dyk meitsje wy syn leefgebiet lytser en dat moatte wy kompensearje. Wy hawwe op in oar part dit gebiet oanlein mei wetterpartijen en wâlskanten. Dit gebiet is grutter as de wetterspitsmûs yn de âlde situaasje hie en biedt tagelyk ek ûnderdak oan oare bisten lykas bijen, kikkerts en oare amfibysoarten.
Fytstunnel Rysloane
Wy bouwe in fytstunnel op 'e hichte fan de Rysloane. Troch de oanlis fan in fytstunnel hoege fytsers en fuotgongers net langer de Uterwei lykfloers oer te stekken. Mei de fytstunnel kinne se feilich ûnder de dyk troch ride en rinne.
Wy hawwe fan de fytstunnel in fisualisaasje meitsje litten en sjen litten op de ynformaasjegearkomste op 19 juny lêstlyn yn de Delfaert. Dizze is no ek online te sjen fia it YouTube kanaal mei de folgjende link:
Een 3D-visualisatie voor de nieuwe fietstunnel in Surhuizum (youtube.com)
Oanpassing fan de dyk en oanlis ovonde
Op in soad plakken oan de Uterwei passe wy de dyk oan. Sa lizze wy in ovonde oan by de oansluting fan It Langfâl op de Uterwei. De oansluting fan de Rysloane op de provinsjale dyk ferdwynt dêrmei. De Rysloane slute wy mei in paralleldyk oan op de ovonde. De ovonde makket de dyk feiliger foar trochgeand ferkear, ôfslaand en opridend ferkear. Ek foar fytsers en fuotgongers dy 't de dyk oerstekke is de dyk feiliger.
Neist de ovonde, meitsje wy ek fytsoerstekken. Ek krijt de dyk in nije laach asfalt tusken de ovonde by It Langfâl en It Oast. De bermen meitsje we steviger en oan beide siden fan de dyk komme betonstroken krekt as op de oare parten fan de dyk dy't sa 'n 5 jier lyn oanlein binne. Dêrneist lizze wy twa lânboupassearstripen oan. Sa kin lânbouferkear it gewoane ferkear feilich foarby gean litte.
Fan de ovonde hawwe wy ek in fisualisaasje sjen litten yn dizze gearkomste. Dizze is no ek online te sjen fia it YouTube kanaal mei de folgjende link:
Een 3D-visualisatie voor de nieuwe ovonde in Surhuizum (youtube.com)
De oannimmer
It wurkjen oan Skieding Zuid en Uterwei wie oanbestege. Oan de hân fan in pakket fan easken koene oannimmers harren plan yntsjinje. De oannimmer mei it meast geunstige plan kwa útfiering, kwaliteit en effisjinsje krige de opdracht gund. Koninklijke BAM Group hat it meast passende foarstel dien en fiert de wurksumheden út foar sawol Skieding Zuid as Uterwei. De oannimmer hâldt rekken mei de planningen fan wurksumheden oan oare diken yn deselde regio en yn it westlike part fan de provinsje Grinslân. Dêrtroch binne net oeral tagelyk opkearingen en oar opûnthâld foar weibrûkers.
Op 'e hichte bliuwe?
Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de Uterwei? Meld jo dan fia ûndersteande knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteand telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.
Kontakt
Hawwe jo fragen of opmerkings oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 fan moandei oant en mei freed ûnder kantoartiden of e-mail provincie@fryslan.frl.