N359 Boalsert - Ljouwert
Oannimmer BAM Infra Nederlân wurke de ôfrûne 1,5 jier oan de trije ûndertrochgongen by de provinsjale dyk N359 Boalsert-Ljouwert. De krúspunten binne ûnlykfloers makke en meitsje de dyk feiliger foar sawol auto- as fytsferkear. De snelheid op krúspunten is wer 100 kilometer yn de oere. Dat befoarderet de trochstreaming fan it ferkear. Foar fytsers is der in apart fytspaad yn de ûndertrochgong, sadat se feilich en ûnbehindere ûnder de dyk trochride kinne. Sûnt ein july is de lêste ûndertrochgong by Wommels-Noard iepen foar ferkear.
Eftergrûn projekt
Provinsjale Steaten en de omjouwing trune oan op it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens op de krúspunten by Boalsert-Noard, Burchwert en Wommels-Noard. Nei in yntinsyf oanbestegingstrajekt en yngeande tariedings hat BAM Infra in ûntwerp makke foar trije ûnlykflierse krusingen yn de N359. BAM Infra hat it projekt útfierd foar 13 miljoen euro. BAM Infra hat mar leafst 98 prosint materiaal op'e nij brûkt.
Dêrneist hat de oannimmer tydlike bypasses en rotondes oanlein om de hinder foar it ferkear by de útfiering safolle mooglik te beheiningen. Lânbouweinen, (fracht)auto's en fytsers koene feilich by de wurksumheden del. Ferkear hoegde hast net om te riden, mei útsûndering fan inkelde wykeinsluting.
Feestlike iepening
Op woansdei 16 oktober ûntbleate deputearre Matthijs de Vries en wethâlder Michiel Rietman de earste namme fan ien fan de trije ûndertrochgongen. Dat is de symboalyske ôfsluting fan ien fan de grutste ynfraprojekten yn Fryslân.
Keunstwurken yn de trije ûndertrochgongen
Keunstner Chris Adriaan ûntwurp de namme fan de ûndertrochgong by Burchwert, Burchwerterhoeke. It is in ûnderdiel fan syn ûntwerp foar de trije ûndertrochgongen N359: Pompeblêd. Njonken de trije nammen, komme der ek keunstwurken yn de ûndertrochgongen by Boalsert-Noard, Burchwert, en Wommels-Noard. Se binne in unike sammelting fan Fryske skiednis, taal en belutsenens fan de lokale mienskip. Chris Adriaan oerlange in artist ympression fan de keunstwurken en in sjabloan fan it lettertype oan de deputearre en de wethâlder.
Lês hjir it hiele ferhaal oer keunstner Chris Adriaan en de keunstwurken.
Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei ús klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.