N359 Boalsert-West

De ôfrûne tiid hawwe we wurke oan de plannen foar de oanpak fan de krusing oan de N359 by Boalsert-West. Op dizze side kinne jo alles fine oer de stân fan saken en planning.

It proses: fan doe nei no

Yn 2014 binne wy úteinset mei de plannen foar de oanpak fan de krusing oan de N359 by Boalsert-West. De nije ynrjochting moat soargje foar in bettere trochstream fan it ferkear en in feiliger plak biede oan fytsers en fuotgongers. Om te kommen ta in goed plan binne wy yn petear gien mei ferskate wurkgroepen en oare belangstellenden. Dit late ta in ûntwerp mei twa mei rotondes en twa fytstunnels.

Ut fierder ûndersyk die bliken dat dit finansjeel net helber wie. It plan hawwe wy dêrom ‘on hold’ set. Yntusken hawwe wy tegearre mei gemeente Súdwest-Fryslân sjoen nei alternativen. Der leit no in nij ûntwerp.

Gearwurkingsoerienkomst

Provinsje Fryslân en gemeente Súdwest-Fryslân hawwe begjin july de gearwurking ûndertekene foar de oanpak fan it krúspunt N359 Boalsert-West. Hjirby lûke beide partijen mei-inoar op as it giet om it feiliger meitsjen de provinsjale dyk en de berikberens fan Boalsert.

Nij ûntwerp: fan twa rotondes nei ien ovonde

Yn it nije plan binne de twa rotondes ynruile foar in ovonde. Dizze nije ovonde soarget foar in bettere trochstream fan it ferkear en in oersichtlike ferkearsstruktuer. Troch de fytstunnels hoege fytsers en fuotgongers net in oerstek te meitsjen, mar kinne se ûnder de ovonde troch. It ûntwerp jout/soarget foar in moaie entree fan Boalsert mei mear romte foar grien. Hjirûnder sjogge jo in sfearympresje. Dit globale ûntwerp wurdt tegearre mei in oannimmer noch fierder útwurke.

Bovenaanzicht van de rotonde bij Bolsward-West.
Sfearympresje

Planning

Provinsje Fryslân hat de Bouteamoerienkomst foar de oanlis fan de ovonde by Boalsert-West gund oan BAM Infra Nederlân. De Provinsje, Gemeente Súdwest-Fryslân en BAM sette begjin novimber útein mei de Bouteamfaze. Hjiryn wurkje we fierder oan it ûntwerp. Wy ferwachtsje dy medio 2025 ôf te rûnjen Hjirnei folget de Realisaasjefaze (útfiering/oanlis). Foardat wy mei de Realisaasjefaze begjinne, moat earst in grut tal kabels en liedingen dat ûnder it krúspunt leit ferpleatst wurde. Sadree’t dat klear is starte wy mei de oanlis fan de ovonde (yn 2026). Nei ferwachting is de ovonde ein 2026 klear. 

De gemeente Súdwest-Fryslân hat de oansluting fan de Exmorrawei op de N359 yntusken ôfrûne. It carpoolplak is ein septimber oplevere. 

Op 'e hichte bliuwe? 

Wolle jo op de hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de N359? Meld jo dan hjirûnder oan foar de digitale nijsbrief. Yn it ramt fan duorsumens ferstjoere wy tenei gjin nijsbrieven mear op papier mar fia de mail. Hawwe jo gjin e-mailadres of wolle jo leaver de nijsbrief op papier ûntfangen bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 om in papieren nijsbrief oan te freegjen.

Oanmelde nijsbrief

Mear ynformaasje

Hawwe jo fragen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei ús klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed op kantoaroeren.