N361 Aldtsjerk-Dokkum
Ryde jo wolris fan Dokkum nei Aldtsjerk? Dan ride jo oer de provinsjale dyk de N361. Dizze dyk is ta oan ûnderhâld. Oannimmer BAM Infra BV begjint dêrmei op moandei 30 septimber. Op dizze side fertelle wy graach wat wy dwaan sille en wannear en kinne jo jo ek oanmelde foar de digitale nijsbrief.
Wat sille we dwaan?
Wy sille de dyk foarsjen fan in nije laach asfalt. Op it momint dat wy ûnderhâldswurksumheden útfiere sille, ferleegje wy ek de snelheid fan 100 nei 80 kilometer yn 'e oere tusken Dokkum rotonde en de ovonde Aldtsjerk. Dit is ôfpraat op it momint dat de Sintrale As oanlein waard.
No't De Sintrale As al in skoft yn gebrûk is, docht út de ferkearsyntinsiteiten bliken dat it brûken fan dizze dyk mear as de helte minder is. Foar de Sintrale As rieden der 8000 auto's oer de provinsjale dyk, no noch mar 4000. Dêrom sille we mei it ûnderhâld ek de snelheid ferleegje.
Wat feroaret der:
- De griene asstreep ferdwynt en der komt in saneamde 9-1 streek foar werom. Dat betsjut dat de streek 9 meter lang trochlutsen is en dan 1 meter ûnderbrekking hat.
- De dyk fersmelle we nei 7 meter.
Hinder
Moandei 30 septimber set oannimmer BAM Infra BV útein mei it wurk oan de Lauwersseewei (N361). De dyk is oant en mei freed 22 novimber oant 20:00 oere yn beide rjochtings ôfsletten foar al it ferkear. De krusende diken lykas Kolkhuzerwei/Tuskendammen en Trekwei/Melkemaweg bliuwe iepen.
De buslinen (line 51 en line 651) ride by it wurk in oare rûte. Sjoch hjirfoar op de webside fan Arriva. Bewenners krije op in letter momint in brief fan de oannimmer oer de berikberens fan harren wenning of perseel.
Tusken Dokkum en rotonde Rinsumageast foar in part 60 km yn 'e oere
By Rinsumageast stekke geregeld deimen of reeën de provinsjale dyk oer. Hjirtroch binne der ûngelokken troch oanridingen tusken weibrûkers en dit wyld. Dit bart faak ter hichte fan de Yndyksloane.
It ferleegjen fan de snelheid nei 60 km yn de oere is ien fan de maatregels dy 't de provinsje nimt. Wy pleatse de sifers ‘60' op it weidek en pleatse wyldwarskôgingsbuorden pleatst. In legere snelheid draacht ek by oan it feiliger oerstekken fan ferkear op de Yndyksloane.
Lânbouferkear op de provinsjale dyk tusken Dokkum en Aldtsjerk
Mei it ferdwinen fan 'e autowei-status kinne wy lânbouferkear ek tastean op 'e provinsjale dyk. Dit ferkear makket no gebrûk fan de gemeentlike diken. Foar de lânbou binne de doarpen Rinsumageast en Aldtsjerk knyppunten oanmurken. Ek fanút dizze doarpen sels is dit as knyppunt nei foaren brocht.
Wy rjochtsje de provinsjale dyk yn as in 80 kilometer yn 'e oere. De lânbouweinen dy't hurder kinne en ride meie as 25 km/o, sille wy talitte. Foar it lânbouferkear dat stadiger rydt, is it net tastien.
It ynheljen fan weinen op de provinsjale dyk
It ynheljen fan weinen ferheget de kâns op ûngemakken. We sille dêrom buorden pleatse mei in ynhelferbod. Utsûndering is it ynheljen fan lânbouweinen.
Oanmelde nijsbrief
De oare kear stjoere wy de nijsbrief oer de provinsjale dyk tusken Aldtsjerk en Dokkum graach digitaal. Jo kinne jo hjirfoar oanmelde fia ûndersteande knop.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt opnimme fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed yn kantoaroeren.