N380 Nijhoarne-Aldhoarne
Yn juny 2023 fierde de provinsje Fryslân ûnderhâldswurksumheden út oan de N380 en de rotonde by Nijhoarne. De wurksumheden binne noch net hielendal klear. Oan de eastkant fan de kom fan Nijhoarne moatte we noch bannen lâns de dyk oanbringe. Wannear 't dy wurksumheden útfierd wurde, is noch net bekend.
Ferkearsmaatregels 30 km/o yn Aldhoarne en Nijhoarne
By Mildaam is de bebuording foar de 30 km/u-sône ferline jier tagelyk oanbrocht mei it grut ûnderhâld yn 2023. De beslútfoarming hjiroer is yntusken klear. By Aldhoarne en Nijhoarne is it oanbringen fan buorden foar de 30 km/u-sônes net meinaam mei it grut ûnderhâld, trochdat hjir tsjin de nedige wjerstân bliek te wêzen en op foarhân beswieren yntsjinne waarden (der wie noch gjin ferkearsbeslút). Yn oerlis mei de juridyske ôfdieling fan de provinsje is derfoar keazen om mei de útfiering fan it wurk alteast te wachtsjen oant nei ôfhanneling fan de beswierskriften.
Ta stân kommen fan it ferkearsbeslút
Yn de rin fan 2023 is it ferkearsbeslút makke. Hjirfoar moasten wy advys freegje oan de plysje. Lykas meld, koe dat wol in skoft duorje. De plysje sjocht by it advisearjen op it goede tapassen fan de bebuording en op it hanthavenjen fan de maatregel. De plysje hat kenber makke dat de dykfakken mei asfalt yn de beboude kommen net foldwaande ynrjochte binne konform 30 km/o. Oftewol de ynrjochting fan 'e dyk draacht ûnfoldwaande by oan it winske ferkearsgedrach. De maatregel fan 30 km/o is dan net te hanthavenjen. Fierders lizze oerheden dit advys soms neist har del as se minder belang hechtsje oan hanthavening.
De regionale brânwacht hat oanjûn dat it ferleegjen fan de snelheid yn de beboude kommen fan Mildaam, Aldhoarne en Nijhoarne gjin probleem is. Foar de brânwacht is fan belang dat we gjin drompels oanlizze. Lykas bekend binne de earste gedachte weifersmellingen gjin ûnderdiel mear fan de maatregels.
Fierders is troch in tal bewenners oanjûn dat in 30 km-sône akseptabel wêze soe foar de bestrate klinkertparten, ek sjoen de totale lingte fan de beide kommen.
It ferkearsbeslút
Yn it ferkearsbeslút binne de asfaltparten bûten de 30-sône hâlden. Sjoch dêrfoar it kaartsje. Dizze bliuwe 50 km yn 'e oere. Allinnich de trije klinkertparten wurde 30 km yn de oere. Dêrmei komme wy foar in part temjitte oan de tsjinstanners fan in maksimumsnelheid fan 30/o. Hjirmei leit de klam fan de snelheidsferleging op dy plakken dêr't dit it meast winske is.
Oanmelde nijsbrief N380
Wolle jo op 'e hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de N380? Meld jo dan hjirûnder oan foar de digitale nijsbrief.
Mear ynformaasje
Hawwe jo fragen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei ús klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed op kantoaroeren.