Natuerûntwikkeling de Falom toant goede resultaten
It giet goed mei de nije natuer by de Falom. Yn 2022 rjochte Provinsje Fryslân it gebiet yn de oksel fan de Falomsterfeart en Nije Feart (Swemmer) yn as wiete, griene ferbining tusken natuergebieten Houtwiel en Sweagermieden. Sa kinne bisten har better tusken dizze gebieten ferpleatse. Ek hawwe weardefolle moerasplanten mear kâns krigen om harren goed te ûntwikkeljen en te fersprieden.
Fan ferdrûgjend lânskip nei wiet ekosysteem
De natuer by de Falom is wieter makke om better oan te sluten op de omlizzende natuergebieten. Wibo Drenth, ekolooch by Provinsje Fryslân, leit it út: “Wy hawwe parten fan it gebiet ferlege en in slinke groeven dêr't it grutste part fan it jier wetter yn stiet. Ek pleatsten wy in keardaam dêr't wy it wetter mei op peil hâlde. Dy maatregels foarkomme dat it gebiet te drûch wurdt en biede in poerbêste fiedingsboaiem foar alle sompe- en feanplanten dy't hjir no groeie.”
De wiete natuer makket it gebiet oantrekliker foar alle bisten dy't derfan ôfhinklik binne. Jakob Hanenburg, boskwachter by Steatsboskbehear, fertelt: “Soarten dy’t wetter nedich binne, lykas de otter, ringslang en wetterpipermûs, brûke it gebiet om út te rêsten, fuort te plantsjen of fierder te lûken nei oare natuergebieten.” Op ferskate plakken lâns de Nije Feart binne fauna útstapplakken makke, om harren ferhuzing makliker te meitsjen. “Ek foar sompefûgels as de reiddomp, slob en brune hoanskrobber is de Falom in wichtich gebiet.”

Besteande natuer fersterkje
“Ynearsten wie it plan om de slinke dwers troch it gebiet te lizzen. Mar by de ferkenningen, yn ‘e mande mei terreinbehearder Steatsboskbehear, kamen wy dêr al feanmoas en sompefioeltsjes tsjin. Soarten dy't wy dêr graach sjen wolle. Dêrom hawwe wy de slinke yn in slinger om it gebiet oanlein en oansletten op de besteande sleat. Sa fersterkje wy de besteande natuer, yn stee fan dy te fersteuren.” jout Wibo oan. Jakob follet oan: “Feanmos is in goede yndikator foar sûne wiete omstannichheden. De oanwêzige feansoarten dogge it tige goed yn it bjirkebroekbosk dat him hjir ûntwikkelet. Dêrtroch is de opslach fan CO2 en de bydrage oan in better klimaat nóch grutter!”

Wibo sjocht werom op in slagge gebietsûntwikkeling: “It is moai om te sjen hoe't de natuer him sels ophelpe kin as je de goede omstannichheden kreëarje. Dit projekt is in perfekt foarbyld fan hoe't wy mei tûke, duorsume yngrepen de ekology in enoarme boost jaan kinne.”
It wurk by de Falom wie ûnderdiel fan de gebietsûntwikkelingsprojekten om De Sintrale As hinne.