Natura 2000
Natura 2000 is in Europeesk netwurk fan beskerme natuergebieten. Yn de Natura 2000-gebieten wurden guon bisten, planten en harren natuerlike libbensfermidden beskerme. Sa hâlde wy it bioferskaat yn stân en komme wy tefoaren dat de natuer hieltyd mear fan itselde wurdt.
Hokker gebieten ûnder Natura 2000 falle, stiet yn de Vogelrichtlijn en Habitatrichtlijn. De Europeeske natuergebieten dy’t ûnder dy rjochtlinen oanwiisd binne, foarmje mei-inoar it Natura 2000-netwurk. Der lizze 162 fan sokke gebieten yn Nederlân, en 20 dêrfan (foar in part) yn de provinsje Fryslân, op lân likegoed as op see.
Ferlinging en wiziging behearplan Natura 2000 Iselmargebiet
It Natura 2000 behearplan Iselmargebiet (2017 -2023) is ferlinge mei seis jier. It beslút fine jo hjir.
It Iselmargebiet is ryk oan natuer; ferskate wylde bisten - en plantesoarten komme der foar en ek foar minsken is it der goed wenjen, wurkjen en rekreëarjen. Om romte, rêst en natuerrykdom yn it Iselmargebiet te behâlden en te beskermjen binne seis gebieten oanwiisd as Natura 2000 - gebiet. Rykswettersteat is behearder fan it Iselmargebiet. Yn 2017 is foar it behear fan de natuer in earste behearplan opsteld. Hjiryn stiet hokker natuerwearden behâlden of wersteld wurde moatte. De rintiid fan dit behearplan is no mei seis jier ferlinge. Der binne in tal wizigingen yn it ferlingde plan. Dy hawwe te krijen mei frijstellingen fan de fergunningplicht foar aktiviteiten lykas kitesurfen en fisken op iel mei hoekwant. Rykswettersteat en de belutsen provinsjes wurkje yntusken oan in nij behearplan; dat moat foar 2030 klear wêze.
Beropstermyn
Nei de publikaasje yn de Staatcourant (12 maart) is it beslút ta ferlinging en wiziging fan it Natura 2000 Beheerplan IJsselmeergebied fan 13 maart ôf fan krêft. Tsjin it ferlingde behearplan is berop mooglik. Op de webside fan it Platform Participatie stiet in beskriuwing fan de beropsproseduere. Dêr stean ek it beslút en de byhearrende dokuminten. Berop yntsjinje kin oant 23 april 2024.
Stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten
De oplossing fan it stikstoffraachstik begjint by in sterkere natuer. De fersuorjende en/of ferdongjende ynfloed fan stikstofdelslach út de heine omkriten hat in soad ynfloed op kwetsbere natuergebieten. Dêrtroch wurde habitats oantaast en komt de fersprieding fan guon soarten en it bioferskaat ûnder druk te stean. Yn 11 fan de 20 (foar in part) Fryske Natura 2000-gebieten is sprake fan in oerskot oan stikstof. Dat komt bygelyks troch dong fan lânboubedriuwen, emisje út see, útstjit fan yndustry, auto’s, mar ek út it bûtenlân wei.
Provinsje Fryslân set dêrom, yn ‘e mande mei Fryske sektorpartijen út ‘e lânbou, natuer, bou, mobiliteit, yndustry, en oare oerheden, yn op de reduksje fan stikstofútstjit en maatregels foar natuerferbettering. Dat is in wetlike opjefte en dêr binne lanlike ôfspraken oer makke.
Mei in gebietsrjochte oanpak wurket Fryslân oan it ferbetterjen fan de kondysjes om de 11 stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten hinne. It ferminderjen fan stikstofdelslach út de heine omkriten op dy Natura-2000 gebieten moat liede ta ferbettering fan de Fryske natuer en strukturele ferleging fan stikstofdelslach.
Om in goed byld te krijen fan de stikstofproblematyk yn de 11 stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten binne gebietsanalyzen dien. Dy analyzen jouwe ynsjoch yn de natuer, ekonomy, stikstofboarnen en -problematyk it gebiet. Dêrneist foarmje se de basis foar de gebietsrjochte stikstofoanpak fan Fryslân. Foar de gebietsanalyzen stikstof kinne jo boppesteande oersjochkaart rieplachtsje.
Mear ynformaasje oer it stikstofbelied yn Fryslân kinne jo hjir fine.
Behearplannen
Provinsje Fryslân stelt behearplannen op foar de Natura 2000-gebieten yn Fryslân. Dy plannen formulearje krekt hókker natuerwearden wêr beskerming krije en ek hóe’t dat bart. Dêrby moat rekken hâlden wurde mei de ekologyske, mar ek mei de ekonomyske en sosjale (ûn)mooglikheden dy’t der yn en om it gebiet binne. De behearplannen komme ta stân yn oerlis mei eigeners, ûndernimmers, omwenners, ferskate oerheden en oare belanghawwenden. De rintiid fan in behearplan is hieltyd seis jier, wêrnei’t it plan (nei in ynspraakproseduere) ferlinge wurdt, mooglik mei oanpassings. Yn de kommende jierren yntinsivearret provinsje Fryslân de oanpak oangeande natuerferbettering fan de Fryske Natura 2000-gebieten mei help fan de oanfoljende Ryksmiddels foar natuerferbettering en -fuortsterking. Op de oershjochkaart boppe-oan dizze side kinne jo sjen wêr’t de ferskate Fryske Natura 2000-gebieten lizze en kinne jo mear spesifike gebietsynformaasje fine, ûnder oare de behearplannen fan alle gebieten.
Alve Natura 2000-behearplannen ferlinge
Fan âlve Fryske Natura 2000-gebieten rint it behearplan ynkoarten ôf. Omdat it evaluearen fan de hjoeddeistige plannen en it opstellen fan nije mear tiid yn beslach nimt, besleat Deputearre Steaten op 28 septimber 2021 de behearplannen mei seis jier te ferlingen. It giet om de gebieten Alde Feanen, de Deelen, Van Oordt’s Mersken, Weinterper Skar, Bakkefeanse Dunen, Rottige Meenthe & Brandemar, it Lauwersmargebiet (yn gearwurking mei provinsje Grins) en de dunen fan Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach. Ek biedt it de mooglikheid om ûntwikkelingen lykas de noch op te stellen gebietsplannen mei maatregels om stikstofútsjit yn Natura 2000-gebieten te ferminderjen en it lanlike Programma Natuur mei te nimmen yn de nije plannen. Fan 7 oktober oant en mei 17 novimber 2021 lei dit beslút op besjen.
Omjouwingswet
De behearplannen dy’t fêststeld binne, foarmje in wichtige basis foar de provinsjale taak op it mêd fan fergunningferliening neffens de Omjouwingswet. Yn dy wet is regele dat der in natuerfergunning of in oar tastimmingsbeslút nedich is foar aktiviteiten dêr’t stikstof by frijkomt. Sa kin de oerheid dêr foar soargje dat der net te folle stikstof op Natura 2000-gebieten delkomt. Mear ynformaasje oer fergunningferliening fine jo op 'e pagina Stikstof vergunning | Fryslan en op Vergunning voor Natura 2000-gebied aanvragen | Fryslan.