Natuerbehearplan 2024

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 18 july 2023 it Natuerbehearplan Fryslân 2024 en de Reactienota NBP Fryslân 2024 fêststeld.

Wat stiet yn it natuerbehearplan?

Yn it natuerbehearplan jout de provinsje oan foar hokker gebieten yn Fryslân subsydzje oanfrege wurde kin foar it behear fan natuer, agraryske natuer en lânskipseleminten en wat de betingsten hjirfoar binne.

Digitale kaart

Dizze kaart jout in yndikaasje oer de subsydzjemooglikheden. Agrarysk natuer- en lânskipsbehear kin allinnich oanfrege wurde binnen de leefgebieten. In natuerbeheartype jout oan wêrfoar, mits iepensteld, subsydzje oanfrege wurde kin. De ambysjekaart jout oan hokker behear op langere termyn winsklik is. Yn it Natuerbehearplan Fryslân 2024 kinne jo hjiroer mear lêze.

Besjoch de kaart

As jo de grutte kaart iepenje yn in nij tabblêd kinne jo fia de knop “Content” (linksboppe) wikselje fan kaartbyld. Sa kinne jo neist de behearsipkaart ek noch de ambysjekaart, agraryske sykgebiedekaart en alle wizigingen oangeande it foarige plan ynsjen.

Berop yntsjinje

Binne jo it net iens mei it nommen beslút of de werjeften op de digitale kaarten. Dan kinne jo nei publikaasje binnen 6 wiken, fan 26 july oant en mei 5 septimber, in beropskrift yntsjinje tsjin it Natuerbehearplan Fryslân 2024. Jo kinne in beropsskrift yntsjinje wannear:

  • Jo in sjenswize yntsjinne hawwe op it ûntwerp Natuerbehearplan 2024, of; 
  • jo kinne oantoane dat jo troch omstannichheden gjin sjenswize op it ûntwerp-Natuerbehearplan 2024 yntsjinje koene, of; 
  • de wizigings nei oanlieding fan in yntsjinne sjenswize in negatyf effekt foar jo hawwe.

In beropskrift kinne jo yntsjinje by de Rjochtbank Noard-Nederlân ôfdieling bestjoersrjocht, Postbus 150, 9700 AD Grins. Yn it beropskrift moatte jo yn alle gefallen oanjaan:

  • Jo namme en adres; 
  • De datum dêr't jo it beropskrift op yntsjinje; 
  • In omskriuwing fan it beslút dêr't jo in berop op yntsjinje; 
  • Wêrom't jo it berop yntsjinje.

Mear ynformaasje

Eftergrûnynformaasje oer (agrarysk) natuer- en lânskipsbehear kinne jo fine op de lanlike site www.bij12.nl. Hawwe jo fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fia 058 - 292 59 25 of provincie@fryslan.frl. Sy helpe jo graach fierder.