Natuerfreonlik isolearje

Isolearje is de earste stap nei ferduorsuming. It ferleget de enerzjyrekken en ferheget it wenkomfort. Mar wisten jo dat troch it isolearjen fan wenningen geregeld fûgels of flearmûzen fersteurd of deamakke wurde? Soarten dy 't wy yn stêden en doarpen hurd nedich hawwe, mar no hieltyd seldsumer wurde.

Ut de Omjouwingswet wei is it needsaaklik om dit foar te kommen. Fanút de provinsje wurdt der wurke oan in (pre-)SMP. Dit om te soargjen dat de ferduorsuming hân yn hân giet mei de beskerming fan geboubewenjende soarten.

Undersyk

Foar it beskermjen fan soarten is it wichtich om by it isolearjen net ûnnedich bisten te deadzjen of te fersteuren. It isolearjen fan gebouwen moat op in natuerfreonlike wize barre. Dat hoecht net ta skea te gean fan jo komfort of nivo fan isolaasje. Dat betsjut dat der ûndersyk dien wurde moat nei beskerme soarten dy't yn it gebou wenje (nammentlik húsmosken, toersweltsjes en flearmûzen).

Troch de goede maatregels te nimmen kinne jo dy bisten by it isolearjen beskermje. Hjirby binne trije dingen wichtich:

  1. Undersyk oft der bisten oanwêzich binne yn jo wenning, spoumuorre en of dak(râne).
  2. Foarkom dat der bisten deamakke of ferwûne wurde.
  3. Soargje derfoar dat oanwêzige ferbliuwplakken net ferlern gean.

Omjouwingsfergunning

As út it ûndersyk bliken docht dat beskerme bistesoarten oanwêzich binne, is yn de measte gefallen in omjouwingsfergunning foar in floara- en fauna-aktiviteit nedich. Jo gemeente kin hjirby helpe. De provinsje hat it foech foar fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening. De FUMO hâldt, yn opdracht fan de provinsje, tafersjoch op de Wet natuerbeskerming.

Soarten management plan - omjouwingsfergunning foar de hiele gemeente

De provinsje Fryslân makket gebrûk fan in metoade dy't it mooglik makket wenten op in natuerfreonlike wize te isolearjen. Dizze metoade hjit pre-SMP (soarten management plan) en is ûntwikkele troch provinsje Utert. Gemeenten kinne fan mids oktober 2023 ôf gebrûk meitsje fan dizze metoade. Dêrmei kinne se foar harren hiele gemeente in omjouwingsfergunning untheffing krije foar floara- en fauna-aktiviteit. Weningeigeners kinne dêr gebrûk fan meitsje as se har wenning isolearje wolle.

Fryske gemeenten kinne subsydzje krije foar it opstellen fan sa'n soartemanagementplan. Ek is der subsydzje besikber foar it realisearen fan alternative ferbliuwplakken foar kwetsbere soarten. 

Mear ynformaasje oer subsydzje foar gemeenten 

Planning

It duorret likernôch 2 jier om in soarten management plan (SMP) te meitsjen. Om dochs op koarte termyn isolearje te kinnen biedt Fryslân de pre-SMP metodyk oan. Hjirby krijt de gemeente in tydlike omjouwingsfergunning. Dat kin allinnich as de gemeente ek direkt úteinset mei de ûndersiken en tarieding foar in folweardich SMP. Besjoch hjir de planning foar it meitsjen fan in SMP en it oanfreegjen fan in gemeentlike omjouwingsfergunning. Mear ynformaasje oer de metoade en beliedsregels dy't dêrby hearre fine jo ûnderoan by de downloads.

Twee foto's naast elkaar. De eerste foto is een afbeelding van een Meervleermuis en de tweede foto een afbeelding van mussen op het dak

Oan 'e slach mei natuerfreonlik isolearje

Ynwenner

Binne jo ynwenner fan Fryslân? En wolle jo enerzjy besparje én fûgels en flearmûzen beskermje? Ynformearje yn alle gefallen by jo isolaasjebedriuw oft sy jo wenning natuerfreonlik isolearje kinne. En nim dêrneist kontakt op mei jo gemeente om neifraach te dwaan oft sy in (pre)SMP omjouwingsfergunnning hawwe of oan it tarieden binne.

Gemeente

Mei in pre-soartemanagementplan (pre-SMP) kin in gemeente foar in gebiet in omjouwingsfergunning foar in floara- en fauna-aktiviteit krije. Dêrmei bringe jo de doelen foar ferduorsuming en de ferantwurdlikheid foar natuerbeskerming byinoar. Op dizze wize hoege ynwenners dêrfoar sels gjin omjouwingsfergunning oan te freegjen en isolaasjebedriuwen witte wêr 't se oan ta binne. En, mei it natuerfreonlik isolearjen ûnder in pre-SMP kinne besteande partikuliere wenningen ferduorsume wurde. Wy ûntsoargje jo graach. Sa kinne jo gau oan de slach. Der is subsydzje beskikber foar gemeenten om sa'n soartemanagementplan op te stellen. Ek is der subsydzje foar it realisearjen fan alternative ferbliuwplakken.

Isolaasjebedriuw

Hawwe jo of wurkje jo by in isolaasjebedriuw en wolle jo neffens foarskreaune regels yn de omjouwingswet kwetsbere fûgels en flearmûzen beskermje én jo klanten ûntsoargje? Foar mear ynformaasje, sjoch op: www.natuurvriendelijkisoleren.nl.

Foar in oersjoch fan gemeenten dy 't in (pre)SMP omjouwingsfergunning hawwe en in training natuerfreonlik isolearje sjoch www.natuurvriendelijkisoleren.nl.

Kontakt

Hawwe jo fragen oer natuerfreonlik isolearjen of binne jo ynteressearre yn in (pre)SMP? Nim dan kontakt mei ús op. Dat kin fia wnb@fryslan.frl of telefoanysk: 058 - 292 59 25.