Nije stap yn ûndersyk nei fytsfeiligens
Hjoed iepene deputearre fan de provinsje Fryslân Matthijs de Vries in nije fytssimulator yn Grins. Dizze simulator, ûntwikkele troch ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins en de Technyske Universiteit Delft, makket it mooglik om yn in feilich fermidden ûndersyk te dwaan nei it fytsgedrach yn ferskate ferkearssituaasjes. De ûntwikkeling fan de fytssimulator is mooglik makke troch in finansjele bydrage fan in heal miljoen euro fan de Provinsje Fryslân.
De fytssimulator makket it mooglik om ynsjoch te krijen yn de wize wêrop't minsken fytse. It stelt ûndersikers by steat om in fytser foldwaande realistysk dielnimme te litten oan it ferkear mei oare weibrûkers. Effekten fan âlderdom mar ek fysike en mentale beheinings kinne dêrmei hifke wurde.
Adjunkt-heechlearaar ferkearpsychology en mobiliteitsbehâld Dick de Waard follet oan: “Ook ontwikkelingen zoals e-bikes, het gebruik van mobiele apparaten en interactie met nieuwe automatisch rijdende voertuigen vragen om het gedrag van fietsers en verkeersveiligheid te onderzoeken. Dizze simulator is ien fan de ynstruminten wêrmei't wy dit feilich en, omdat de fyts leune kin, noch realistysker dwaan kinne. ”
Eftergrûn fytsfeiligens
Yn de ôfrûne jierren is it tal ûngelokken dêr't fytsers by belutsen binne, bot tanaam. Yn 2022 kamen 291 fytsers om it libben. Dat binne 84 mear fytsslachtoffers as it jier dêrfoar en it heechste oantal sûnt 1996. Ek it tal slim ferwûnen yn it ferkear nimt ta, benammen ûnder âldere fytsers (65+). It tanimmen fan it tal ûngelokken hat derfoar soarge dat de urginsje om passende maatregels nimme te kinnen grutter wurden is.
Gearwurking
De fytssimulator is ûntwikkele troch ûndersikers fan de Ryksuniversiteit Grins en de TU Delft. Undersikers fan de TU (Jan van Frankenhuyzen, Linda van der Spaa, Heike Vallery, Arend Schwab, Riender Happee en Christina Kohler) hawwe in grut part fan it ûntwikkelwurk foar harren rekken naam. Fan de RUG wurken Dick de Waard, Bastiaan Sporrel en Arjan Stuiver oan de realisaasje fan de simulator.