Oer it ROF
Ferkearsfeilichheid falt yn Fryslân ûnder de ferantwurdlikheid fan it Regionaal Orgaan Ferkearfeilichheid Fryslân (ROF). De missy fan it ROF is het befoarderje fan de ferkearsfeilichheid yn Fryslân.
Wat binne wy
It ROF is een ûnôfhinklik oerlisplatform fan organisaasjes die harren yn Fryslân ynsette foar it ferheegjen fan de ferkearsfeilichheid.
Manifest
Om in fûnemint te lizzen ûnder de mienskiplike útfiering fan it Fryske Strategy ferkearsfeilichheid 2010-2025 is it Manifest Verkeersveiligheid 2011-2025 ûndertekene troch û.o. de provinsje en alle gemeenten en de ferkearsfeilichheidpartners.
Feiliger op wei troch gearwurking
Ferkearsfeiligens is in saak fan in soad partijen. Lykas gemeenten, provinsjes en de Ryksoerheid. Mar ek de kennis en stipe fan wittenskippers, bedriuwen en maatskiplike organisaasjes binne nedich om ûngelokken yn it ferkear foar te kommen. Al dizze partijen drage by oan it Strategisch Plan Verkeersveiligheid (SPV) en sille, elk op harren eigen wize, soargje foar in ferkearsfeiliger Nederlân. Risikostjoerd belied biedt dêrby mear konkrete oanknopingspunten om de krekte maatregels op de goede lokaasjes te nimmen. Trochdat wy gebrûk meitsje fan lokale en regionale ynformaasje oer risikofaktoaren, kinne wy de beliedssyklus dêr ek krekter op ôfstimme. Mear ynformaasje: webside Kennisnetwerk SPV
Kontakt
Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Fryslân
Postbus 20120
8900 HM Leeuwarden
Telefoon: 058 - 292 59 25 (Klantcontactcentrum)
Email: rof@fryslan.frl