Oersetten en bewurkjen fan literatuer
Dizze regeling is op dit stuit sletten.
De subsydzjeregeling foar it oersetten fan literatuer is iepen fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 23 maaie 2025 en fan 1 septimber 2025 oant en mei 17 oktober 2025. It subsydzje hat te’n doel om it oersetten fan Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen. It subsydzjeplafond is € 20.000,- foar de earste iepenstelling en € 18.000,- foar de twadde iepenstelling.
Op grûn fan dizze regeling kinne útjouwers en organisaasjes dy’t harren foar it measte part dwaande hâlde mei de Fryske taal of dy’t as streektaalorganisaasje tsjinje subsydzje oanfreegje foar:
- it oersetten fan Frysktalige boeken yn in oare taal of Fryske streektaal;
- it oersetten fan boeken yn de Fryske taal;
- it oersetten fan in manuskript fan in noch net ferskynd boek nei it Frysk;
- It redigearjen of taalkundich ferbetterjen fan nij Fryske fiksje of non-fiksje.
Toanielstikken
Op grûn fan dizze regeling is it ek mooglik om subsydzje oan te freegjen foar it oersetten fan in toanielstik yn de Fryske taal. In oanfraach kin dan yntsjinne wurde troch in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech dy’t foar it grutste part rjochte is op toaniel, bygelyks in toanielferiening.
Fryske streektalen
Neist it oersetten nei it Frysk is de regeling ek ornearre foar oersettings nei in yn Fryslân aktyf brûkte Fryske streektaal, sa as bygelyks it Biltsk of it Hylpersk.
Betingsten
Lês de regeling earst troch om te besjen oft jo oan de betingsten foldwaan kinne. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 2.2 fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân 2024 (eksterne link).
Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje?
Jo kinne digitaal in oanfraach yntsjinje troch dit formulier yn te foljen. It formulier ûndertekenje jo mei DigiD of e-Herkenning. Nim kontakt op mei it Klantkontaktsintrum fan provinsje Fryslân as jo gjin gebrûk meitsje kinne fan DigiD of e-Herkenning. Dit kin fia provincie@fryslan.frl of fia 058 - 292 59 25.
Mear ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.