Subsydzjeregeling Oeverfonds Fryslân
Fan 2 maaie 2024 ôf oant en mei 30 april 2026 kin in subsydzjebydrage út it Oeverfonds oanfrege wurde, troch ûnder oaren natuerlike persoanen (û.o. eigeners ), privaatrjochtlike rjochtspersoanen (dêrûnder bedriuwen) en terreinbehearjende organisaasjes.
Dy subsydzjeregeling is bedoeld as stimulâns foar it realisearjen (ferfangen, fernijen of ûnderhâlden) fan in oeverkonstruksje. It moat dêrby gean om in wâlskant lâns in offisjele farwei yn Fryslân. Belanghawwenden (eigeners, pachters ensfh.) kinne dy subsydzje oanfreegje. Fierder jilde der noch in pear oare betingsten om oanspraak meitsje te kinnen op de subsydzje.
It is goed om te witten dat der eins twa regelingen binne: ien by de provinsje Fryslân (Oeverfonds) en ien by Wetterskip Fryslân (Stroming). Hjirûnder ljochtsje wy allinnich it Oeverfonds ta, foar de subsydzjeregeling Stroming ferwize wy neie webside fan Wetterskip Fryslân.
Ynformaasje oer de subsydzjeregeling
Wichtich om te witten:
- Jo moatte earst in pre-toets oanfreegje, fia de provinsjale webside. Nei 't dizze toets útfierd is, krije jo de beoardieling hjirfan. By dizze beoardieling krije jo de ferfolchstappen oanrikt om de subsydzje-oanfraach yntsjinje te kinnen.
- Jo meie noch net begûn wêze mei it útfieren fan de aktiviteit dêr't jo subsydzje foar oanfreegje, foardat jo de oanfraach yntsjinje.
- Wy behannelje oanfragen op folchoarder fan binnenkomst.
Jo moatte by de subsydzje-oanfraach (dus nei de pre-toets) yn it besit wêze fan alle fergunningen dy't nedich binne.
Subsydzjebedrach
It totaal beskikbere bedrach foar dizze subsydzjeregeling is per kalinderjier € 300.000,-.
Hjirby jildt dat wy gjin subsydzje mear jouwe as it subsydzjeplafond berikt is.
De subsydzje giet oer in fêst bedrach de strekkende meter. De lokale situaasje bepaalt de omfang fan it bedrach (û.b.f. farweiklasse, farweiyntinsiteit en farweibreedte). De bydrage is minimaal 65 euro de m1 oant maksimaal 260 euro de m1.
Wat is der nedich foar in oanfraach?
Stichtingen, ferienings en bedriuwen hawwe eHerkenning2+ nedich om in digitale oanfraach dwaan te kinnen. Partikulieren brûke DigiD.
By it ynfoljen fan jo oanfraach hawwe jo yn alle gefallen de neikommende dokuminten nedich:
- Utslach fan de pre-toets, mei it saaknûmer dêrfan;
- Beskriuwing fan de hjoeddeistige situaasje (foto's, omskriuwing te realisearjen oerkonstruksje en lingte yn strekkende meters);
- Gedetaillearre dekkende projektbegrutting;
- Sketsûntwerp fan de oeverkonstruksje.
Yn de regeling stiet presys wat der fan jo ferwachte wurdt.
Stappen foar it oanfreegjen fan subsydzje
Jo kinne subsydzje oanfreegje nei't jo útslach krigen hawwe op de pre-toets. Jo krije mei de útslach fan de pre-toets ek it oanfraachformulier tastjoerd. Let op: de pre-toets is nét de subsydzje-oanfraach. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan kin de oanfraach noch net yn behanneling naam wurde, wêrtroch 't jo mooglik subsydzje misrinne.
Mear ynformaasje en fragen
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.
Foar dizze regeling kinne jo de oanfraach digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.