Ôfstânsbetsjinning brêgen

Hieltyd mear provinsjale en gemeentlike brêgen yn Fryslân wurde op ôfstân betsjinne troch provinsjale brêgewachters. Dat betsjut, dat brêgewachters hieltyd minder faak op ’e brêge sels sitte, mar dy betsjinje fan in oare lokaasje ôf.

Wêrom de brêge betsjinje op ôfstân?

As wettersportprovinsje wolle wy in goede gasthear wêze, dêrom wurkje wy oan:

  • It opinoar-ôfstimmen fan iepeningstiden fan brêgen en slûzen
  • It ôfskaffen fan brêgejild
  • It ôfskaffen fan ’e middeisskoften by it betsjinjen fan ’e brêgen

Dat berikke wy troch mear brêgen effisjinter te betsjinjen út in sintrale betsjinnerslokaasje wei. Troch ek brêgen fan gemeenten te betsjinjen, kinne rûtes sûnder brêgejild en tuskenskoften fearn wurde. Wy rjochtsje ús dêrby op wichtige en trochgeande of ferbinende rûtes.  

Dizze brêgen betsjinje wy op ôfstân:

Iepenje grutte kaart (mei mear ynformaasje en legenda)

Betsjinning op ôfstân: oansletten brêgen

Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.

Wat fernimst as weibrûker? 

Automobilisten en fytsers sjogge dat der gjin brêgewipper mear op de brêge oanwêzich is. De brêgewipper sjocht it ferkear op de brêge mei kamera's. Fierder is der amper ferskil. De betsjinning is net faker, langer, flugger of stadiger. By ôfstânsbetsjinning stribje wy der ek nei om de wachttiden foar weiferkear en farweiferkear te beheinen. It is fan grut belang dat dykferkear de knipperljochten en stopljochten foar de brêge sjocht en dêr ek op'e tiid op reagearret. De betsjinner kin de beweging fan slachbomen en brêge stopje wannear't dêr oanlieding ta is. Om blinen en minsken dy't min sjogge te warskôgjen foar in iepening is der altyd in koart belsinjaal op in brêge te hearren, dat jildt foar brêgen dy't op ôfstân betsjinne wurde as by lokale betsjinning.

Wat fernimst as omwenner? 

Wennest tichtby in brêge dy't oer giet op ôfstânsbetsjinning? Kollega’s fan de provinsje sille jo dêr op 'e tiid oer ynformearje. Wy beprate bygelyks hokker oanpassingen oan de brêge nedich binne, dêr 't kamera’s en kameramasten pleatst wurde en wat wy sjogge op de bylden. It kin nedich wêze om de wachtplakken oan te passen of nije sprek- en harkapparatuer te pleatsen. It is mooglik om in besite te bringen oan in betsjinnsintrale, jo kinne dan sels meisjen mei in betsjinner. De betsjinningshúskes ferdwine, of it moat wêze dat der redenen binne om it dochs stean te litten.

Kamera’s

In brêge kin feilich op ôfstân betsjinne wurde mei kamera’s dy't sicht jouwe op de dyk en de farwei. We wurkje net mei kamera’s dy't ynzoome of draaie kinne. Privacy gefoelige ûnderdielen wurde blokt. Wy bewarje bylden tydlik om rieplachtsje te kinnen yn gefal fan bygelyks in ynsidint of skea. Nei 7 dagen wurde bylden fuorthelle.