Omjouwingsfisy Fryslân
Fernijing Provinsjale Omjouwingsfyzje
Der is in Startnotysje fernijing Omjouwingsfyzje. Deputearre Steaten hawwe dy op 2 april 2024 fêststeld om troch te stjoeren nei Provinsjale Steaten. De fernijing fan de fyzje is al oankundige yn it Bestjoersakkoart fan Deputearre Steaten. Ek is it dúdlik dat fernijing nedich is om de grutte fraachstikken by inoar te bringen, dy’t beslach lizze op de romte dy’t beskikber is. Fraachstikken fanút enerzjy, wentebou, lânbou mar ek út it lanlike gebiet wei. Yn de Startnotitie stiet hoe’t de provinsje de fernijing oppakt mei ynwenners, maatskiplike organisaasjes en oare oerheden.
Deputearre Sijbe Knol: “Net alles kin mear oeral. Dat witte wy. Om alle opjeften dwaan te kinnen, hawwe wy mear romte nedich as dat der beskikber is. Dat freget om it meitsjen fan karren. Mei de werhifking fan ús omjouwingsfisy nimme wy dy ferantwurdlikens op ús. Yn de kommende tiid sille wy karren meitsje moatte foar de takomst fan Fryslân, oant 2050 en dêrnei. Dêrom geane wy mei-inoar, ynwenners, organisaasjes en oerheden, yn de kommende perioade de djipte yn”.
Jo kinne de Startnotysje fine by de dokuminten ûnderoan dizze side. Hawwe jo in idee of in fraach oer de Omjouwingsfyzje? Jo kinne reagearje mei in mail nei: POVI@fryslan.frl.
Yn de hjoeddeistige Omjouwingsfisy ‘De romte diele’ stiet wat de provinsje docht om de basiskwaliteiten fan de Fryske leefomjouwing op oarder te hâlden. Ek stiet der yn wêr't de provinsje mei de leefomjouwing fan Fryslân hinne wol: de ambysje en doelen foar de kommende 25 jier. Dat jout rjochting oan wêr 't de provinsje mei partijen hinne wurkje wol. Dat bart yn programma’s, konkrete projekten en inisjativen, en as soks nedich is ek yn regels. Besjoch Omjouwingsfisy De Romte Diele yn bewegend byld.
Fjouwer opgaven
Mei De romte diele wol de provinsje ekstra ynsette op fjouwer urginte, yntegrale opjeften:
- Fryslân fitaal, leefber en berikber hâlde;
- Enerzjytransysje mei krêft trochsette;
- Fryslân klimaat adaptief ynrjochtsje;
- Fersterken fan it bioferskaat.