Omjouwingswet yn Fryslân
Elkenien wol wenje, wurkje, ûndernimme en ferbliuwe yn in oantreklike leefomjouwing. We moatte lykwols romte jaan oan nije ûntwikkelingen, lykas wenningbou en enerzjytransysje. Tagelyk wolle wy ús moaie Fryske lânskip behâlde. Hjirfoar is oersichtlike wet- en regeljouwing nedich, dy't oanslút by de praktyk. Dêr is de nije Omjouwingswet foar. Op 1 jannewaris 2024 is dizze wet yn wurking gien.
Oersichtliker en tagonkliker
Der wiene ferskate wetten en regels foar romte, wenjen, ynfrastruktuer, miljeu, natuer en wetter, dy 't los faninoar stiene. Se binne no byinoar yn ien Omjouwingswet. Hjirtroch ûntstiet mear oersjoch oer hokker regels wêr jilde yn Nederlân en Fryslân. Der komt ek ien lanlik loket dêr 't inisjatyfnimmers mei plannen foar de fysike leefomjouwing terjochte kinne. De nije bywurke (konsolidearre) tekst fan de Omjouwingswet en oare nuttige ynformaasje kinne jo fine op it lanlike loket mei ynformaasje oer de Leefomgeving.
Teksten yn de Omjouwingswet fine
Wolle jo âlde wetsartikels mei de nije fergelykbere? Of it plak fine yn de nije Omjouwingswet fan de artikels oer de fysike leefomjouwing? Hjir is in handich online helpmiddel foar fan útjouwerij Wolters Kluwer.
Namme link: Wetsartikels fine yn de nije Omjouwingswet.