PAS-meldingen

Op 29 maaie 2019 oardiele de Ried fan Steat (RfS) dat it PAS yn striid wie mei de Europeeske Habitatrjochtline. Troch de útspraak binne de eardere meldingen net mear rjochtsjildich. As jo in PAS-melding dien hawwe, koene jo oant 1 desimber 2022 jo gegevens oanleverje fia it RVO.

Legalisaasjeprogramma

Op 28 febrewaris 2022 is it legalisaasjeprogramma fêststeld. Hjiryn stiet hokker maatregels der naam wurde om stikstofromte foar PAS-meldingen frij te meitsjen. Binnen trije jier nei fêststelling fan it programma moatte de maatregels troffen wêze wêrmei 't legalisaasje fan PAS-meldingen mooglik is. Lês mear oer it legalisaasjeprogramma op de webside fan BIJ12.nl. Op dit stuit is der noch gjin stikstofromte beskikber yn Fryslân.

PAS-webinar

Op 9 febrewaris 2023 hawwe wy in webinar holden om jo by te praten oer de ûntwikkelingen om de PAS-meldings hinne. Underwerpen lykas it legalisaasjeprogramma, de stikstofdepositieromte en it feechbeslút kamen oan bar en der wie in mooglikheid om fragen te stellen. It webinar kinne jo hjir weromsjen. Der is ek in Q & A opsteld: Q & A: Veelgestelde vragen tijdens het webinar | Fryslan.

Skadeloket PAS-meldingen

Undernimmers mei in PAS-melding ferkeare sûnt de PAS-útspraak yn uterst ûnwisse tiden. As in PAS-melder skea ûnderfynt wêrfoar 't it Ryk oanspraaklik is, dan kin in skeafergoeding oanfrege wurde. As it ôfsjen fan hanthavening bygelyks ûnferwachts net mooglik is, set it kabinet him maksimaal yn om skea te fergoedzjen dy 't PAS-melders op dat stuit ûnderfine. Lês hjir mear oer it skealoket PAS-meldingen.