Promoasje Frysktalige boeken
Skriuwers, útjouwers en oaren mei doel oer it promoatsjen fan Frysktalige boeken kinne fan 20 jannewaris 2025 oant en mei 10 oktober 2025 subsydzje oanfreegje. It subsydzjeplafond is € 15.000.
Hichte fan it subsydzje
It subsydzje bedraacht de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 3.000,-.
Kosten foar de útjefte fan in boek komme ûnder dizze regeling net yn ’e beneaming foar subsydzje. It giet ús benammen om de kosten dy’t jo meitsje foar it promoatsjen fan in Frysktalich boek of in searje Frysktalige boeken.
Betingsten
De betingsten dy’t jilde, binne te finen yn paragraaf 2.4 fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân 2025.
Stappen foar it oanfreegjen fan subsydzje
By it iepenstellen fan de subsydzjeregeling kinne jo digitaal jo oanfraach yntsjinje.
Yn dit proses logge jo yn mei DigiD of E-werkenning (foar stichtingen en ferieningen). Alle fragen kinne jo digitaal beäntwurdzje en alle bylagen kinne jo online taheakje.
It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Yn it projektplan dêr't helder yn beskreaun wurdt wat jo foar elkoar bringe wolle en hoe't jo dit oanpakke sille.
Yn dit projektplan beskriuwe jo:
- de promoasjeaktiviteiten;
- jo motivaasje om dizze aktiviteiten te organisearjen;
- de resultaten dy’t jo ferwachtsje;
- de ekstra publisiteit dy't jo ferwachtsje;
- jo ûnderfiningen mei it organisearjen fan promoasjeaktiviteiten;
- de planning fan it tariedende wurk en de útfiering.
Mear ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei provinsje Fryslân op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.
Tink derom: Jo kinne jo oanfraach foar dizze regeling digitaal yntsjinje. Dêrfoar hat jo DigiD (as partikulier) of eHerkenning (as ûndernimming) nedich.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
Neidat jo mei DigiD of eHerkenning ynlogd binne, kinne jo jo oanfraach tuskentiids opslaan en letter (binnen 5 dagen) opnij iepenje.