Provinsjale trochfytsrûtes Fryslân krije foarm

Troch spesjale paadwizers oan te bringen, makket de provinsje trochfytsrûtes yn Fryslân aanst werkenber. Dêrneist ynvestearret de provinsje yn it optimalisearjen fan de trochfytsrûte lâns de N357 tusken Ljouwert en Stiens en de N924 yn de beboude kom fan Ychten en Eastersee.

It opwurdearjen fan in fytspaad ta in trochfytsrûte is faak in lang proses. Om de rûtes op koarte termyn al werkenber te meitsjen, komme der ‘Trochfytsrûtebuorden’. Der komt in symboal op it fytspaad en de rûtes krije in Frysktalige ferzje fan it nasjonale buordsje (F-nûmering). Dêrneist ferbetteret de provinsje de besteande trochfytspaden fan beton troch der streken op oan te bringen. Mei-inoar is dêr likernôch 0,4 miljoen euro foar beskikber.

Twee voorbeeldborden waar een pompeblêd met een fiets op staan en een aanwijzing om welk fietspad het gaat.

Ek hat de provinsje sjoen nei lokaasjes dêr't fanwege ferkearsfeiligens ferbetteringen winske binne. Dat is it gefal op de rûte lâns de N357 tusken Ljouwert en Stiens. De provinsje sil dêr oan ’e slach mei it ombouwen fan in part fan de paralleldyk nei fytsstrjitte én mei it opfallender en feiliger meitsjen fan oerstekplakken. Ek de trochfytsrûte tusken It Hearrenfean en De Lemmer krijt in mear werkenbere útstrieling, troch yn de beboude kom fan Ychten en Eastersee de fytsrûte op ‘en nij yn te rjochtsjen. De provinsje ynvestearret yn totaal 1,2 miljoen euro yn dy twa projekten.

Fytsambysje 

It realisearjen fan de trochfytsrûtes is ûnderdiel fan de ambysje om Fryslân de fytsprovinsje fan Nederlân te meitsjen. Dêrfoar is earder 8 miljoen as subsydzje beskikber steld foar gemeenten. Ek ynvestearret de provinsje sels goed 6 miljoen euro yn har eigen fytspaden, troch de fytspaden tusken Stynsgea en Surhústerfean (N358) en Twizel en Quatrebras (N355) op te wurdearjen ta trochfytsrûtes.

Om boppeneamde ambysje te heljen set de provinsje ek yn op it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens fan fytsers. Sa stimulearret de provinsje it brûken fan de fytshelm, binne senioaren oandachtspunt en ûndersiket de provinsje fytsoerstekplakken. Ek stimulearret de provinsje mei de kampanjes ‘Werk Slim, Reis Slim’ en ‘Iedereen een fiets’ om faker de fyts te pakken.