Provinsje en gemeente Súdwest-Fryslân wurkje gear oan N359 Boalsert-West

Provinsje Fryslân en gemeente Súdwest-Fryslân hawwe hjoed de gearwurking ûndertekene foar de oanpak fan it krúspunt N359 Boalsert-West. Hjirby lûke beide partijen mei-inoar op as it giet om it feiliger meitsjen fan de provinsjale dyk en de berikberens fan Boalsert.

Foar it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens en de trochstreaming op de N 359 en de oansluting A7 binne de tariedingen úteinset. Op dit stuit leit der in plan foar in ovatonde mei twa fytstunnels. De partijen ferwachtsje yn 2026 útein te setten mei de útfiering. Alles mei-inoar is der 8,5 miljoen beskikber. Mei it ûndertekenjen fan de oerienkomst is de gearwurking formeel fêstlein.

“Mei it ûndertekenjen fan dizze oerienkomst binne wy wer in stap tichter by de útfiering. Dit projekt ûnderstreket dat wy in better berikber mar ek feiliger Fryslân wolle,” seit deputearre Matthijs de Vries. Wethâlder Michel Rietman fan Súdwest-Fryslân slút hjirby oan. “Wy wurkje op in hiel soad plakken oan de dyk foar in bettere trochstream fan it ferkear. Hjir yn Boalsert spilet ek de feiligens fan de fytsers en fuotgongers mei. Nei de fertraging fanwegen de hege kosten en de kompleksiteit fan it projekt, kinne wy mei dizze gearwurking echt grutte stappen sette.”

Huidige situatie N359 knooppunt Bolward-West
Hjoeddeistige situaasje N 359 knooppunt Bolward-West