Provinsje Fryslân brûkt Zivver om feilich te e-mailen en bestannen út te wikseljen

Hawwe jo in e-mail fan in meiwurker fan de provinsje Fryslân krigen dy't ferstjoerd is fia Zivver? Dan kinne jo derfan útgean dat de ôfstjoerder betrouber is.

De provinsje brûkt Zivver om feilich te kinnen e-mailen en bestannen út te wikseljen. Jo hawwe dizze mail krigen omdat in meiwurker fan de provinsje Fryslân ynformaasje mei jo diele wol dy't allinnich foar jo ornearre is. Jo hoege gjin Zivveraccount te hawwen of oan te meitsjen by jo ynformaasje.

Notifikaasjemail

As in meiwurker fan de provinsje Fryslân fertroulike ynformaasje mei jo dielt fia Zivver, krije jo in notifikaasjemail. Mei in tagongskoade dy't jo oer de e-mail of sms krije, kinne jo de befeilige ynformaasje iepenje. Dat soarget derfoar dat allinnich jo tagong hawwe ta de gegevens.

Feilich ferstjoere

Zivver fersleutelet berjochten mei fertroulike ynformaasje lykas persoansgegevens, dossiers of ferslaggen dy't de meiwurkers fan de provinsje Fryslân feilich ferstjoere wolle. Sa soargje wy derfoar dat allinnich jo dy ynformaasje rieplachtsje kinne.

Wjerber tsjin digitale drigingen

De provinsje Fryslân makket gebrûk fan Zivver sûnt 1 jannewaris 2025. Dit is ien fan de wizen dêr't wy op ynfolling jouwe oan cybersecurity en digitale wearberens. Troch fertroulike ynformaasje better te befeiligjen, binne wy digitaal wjerberder tsjin digitale drigingen.

Sa wurket Zivver 

Hoe iepenje jo in berjocht dat fia Zivver ferstjoerd is?

Hawwe jo in e-mail krigen fan de provinsje Fryslân fia Zivver? Dan iepenje jo dit berjocht troch op de blauwe link mei de tekst ‘Klik foar berjocht’ te klikken. Jo wurde dan automatysk trochstjoerd nei de befeilige omjouwing fan Zivver. Hjir moatte jo in tagongskoade of sms-koade ynfiere. Yn dizze filmkes sjogge jo hoe't immen sûnder Zivver-akkount in berjocht kriget en lêst.

Berjocht iepenje mei in tagongskoade

Jo hawwe in befeilige berjocht krigen. Dejinge dy't jo it berjocht stjoere, wol wis witte dat allinnich jo it berjocht lêze kinne. De ôfstjoerder hat dêrom in tagongskoade oan jo trochjûn, oer de post, telefoanysk of persoanlik. Klik op “Klik foar berjocht” en folje dizze tagongskoade yn. No kinne jo it berjocht lêze. Hawwe jo gjin tagongskoade krigen? Nim dan kontakt op mei de ôfstjoerder.

Berjocht iepenje mei in sms-koade

Jo hawwe in berjocht krigen dat befeilige is mei in sms-koade. Dejinge dy't jo it berjocht stjoere, wol wis witte dat allinnich jo it lêze kinne. Klik op ‘Klik foar berjocht’ en dêrnei op ‘sms stjoere’. Folje dan de koade yn dy't jo op de telefoan krije. No kinne jo it berjocht lêze.

Wolle jo reagearje op in e-mailberjocht dat fia Zivver ferstjoerd is?

Jo lêze it berjocht dat fia Zivver ferstjoerd is op in befeilige webside. As jo op it berjocht reagearje wolle, dan kin dat op dizze side. Klik op de knop “Beantwoorden”. Jo kinne dan yn it antwurdfjild daliks jo reaksje type. Eventueel kinne jo ek in bylage tafoegje mei de paperclip-knop. Jo ferstjoere de reaksje troch op de ferstjoerknop te klikken. Wannear't de ûntfanger hjirop reagearret, ûntfange jo wer in notifikaasje oer de e-mail.