Provinsje Fryslân wol ferlinging Fûns Skjinne Fryske Enerzjy oant en mei 2034
Enerzjyprojekten, bedriuwen en agrariërs yn Fryslân krije fiif jier langer de mooglikheid om in liening of partisipaasje te ûntfangen út it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE) foar duorsume enerzjyprojekten. It kolleezje fan Deputearre Steaten stelt foar de rintiid fan it fûns te ferlingjen oant en mei 2034. Provinsjale Steaten beslute hjir yn juny oer.
It FSFE waard yn 2014 oprjochte troch de provinsje om de Fryske enerzjytransysje te fersnellen. It fûns stipet projekten dy't dreech finansiering fine op de merk, lykas lokaal eigendom by sinne - en wynprojekten, mono-dongfergisters en enerzjy-opslach. Dêrneist jout it fûns ferduorsumingslienings oan Fryske ûndernimmers.
Deputearre Sijbe Knol (Enerzjy): "It FSFE is fan grutte wearde foar de Fryske enerzjy-transysje, benammen by projekten dêr’t kommersjele ynvestearders minder gau ynstappe. Troch it fûns kinne lokale enerzjy-ynisjativen yn Fryslân fan ’e grûn komme. Dêrom wolle wy it fûns fiif jier langer trochsette, mei de fokus werom nei de basis: it stypjen fan enerzjyprojekten.”
De ôfrûne tsien jier ynvestearre it FSFE mei-inoar €130 miljoen yn Fryske enerzjyprojekten. By mar leafst 40% fan de realisearre opwekprojekten yn de provinsje spile it fûns in rol fia in liening of partisipaasje. Troch de revolvearjende wurking fan it fûns – wêrby’t ôflossingen op’e nij ynset wurde – is foar de ferlinging gjin ekstra provinsjaal jild nedich. Alle jierren kin it FSFE dêrmei tusken de €10 miljoen en €15 miljoen oan nije finansiering jaan.