Rap ynternet yn Fryslân
Rap ynternet is fan belang foar de leefberens en wurkgelegenheid fan ús provinsje. De needsaak fan goed en rap ynternet is allinnich mar grutter wurden no’t wy mei-inoar hieltyd mear thús wurkje en leare. De provinsje Fryslân hat him yn de ôfrûne jierren ynset om der foar te soargjen dat yn it bûtengebiet rap ynternet komme soe. Underwilens binne der ferskate merkpartijen aktyf wurden yn Fryslân dy’t net allinnich yn it bûtengebiet, mar ek yn de doarpen foar glêstried soargje.
Kabelnoord
De provinsje Fryslân hat yn 2017 in opdracht yn de merke set foar de oanlis fan rap ynternet (minimaal 100 mb/s up- en downloadfaasje) foar de bûtengebieten yn de provinsje. De opdracht is troch Kabelnoord wûn. Kabelnoord ûntfangt in merkkonforme efterstelde liening fan €35 miljoen fan de provinsje Fryslân en maksimaal €57 miljoen fan de banken om de saneamde wite adressen (adressen dy’t allinnich in koperoansluting hawwe) yn it bûtengebiet oan te sluten. Sûnt 2018 is Kabelnoord begûn mei de oanlis fan glêstried en de opdracht is administratyf ein 2022 ôfrûn. Foar ynformaasje oer de letste wurksumheden kinne jo telâne op de webside fan Kabelnoord.
Delta Fiber, Digitale Stad & KPN
Yn prinsipe soe Kabelnoord mei help fan de liening yn alle gemeenten oan ’e slach. Mar troch konkurrinsje hat Kabelnoord him yn trije gemeenten weromlutsen. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren is Delta Fiber Netwerk de partij dy’t glêstried yn it bûtengebiet oanlizze sil. Sy sille ek in grut diel fan de kearnen foarsjen fan glêstried. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Delta Fiber.
Digitale Stad foarsjocht it bûtengebiet fan alle kearnen fan glêstried yn de gemeente it Hearrenfean. Foar de aktuele stân fan saken fan kinne jo telâne op de webside fan Digitale Stad.
Ek KPN hat de ambysje om harren hjoeddeistige netwurk om te setten yn in glêstriednetwurk. Dêr binne/sille se ûnder oare yn Wolvegea, Drachten Stiens, Grou en op Skylge mei dwaande.
Unrendabele adressen
Foar de djoerste oanslutings yn it bûtengebiet, de ûnrendabele adressen, is in aparte oanpak. Yn ferskate gemeenten hat yn 2020 bliken dien dat de merkpartijen net alle adressen oanlizze. De djoerste adressen wurde oerslein. Provinsjale Steaten hawwe yn totaal €7 miljoen reservearre foar de oanlis fan rap ynternet nei dy adressen. De ûnrendabele adressen yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Waadhoeke, Harns, Opsterlân en in part fan Ljouwert binne mei in finansjele bydrage oan in merkpartij holpen. Oan in oplossing foar de ûnrendabele adressen yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân wurdt op dit stuit wurke. De bewenners fan de ûnrendabele adressen wurde op de hichte holden fan dit proses.
Skoallen, bedriuweterreinen en Waadeilannen
De provinsje hat ûndersyk dien nei de oanwêzichheid fan rap ynternet op skoallen. In grut part fan de skoallen kinne gebrûk meitsje fan rap ynternet. De provinsje ûndernimt gjin fierdere aksje op dit ûnderwerp. De ûndersiken nei de stân fan saken fan rap ynternet op bedriuweterreinen en de Waadeilannen wienen yn 2019 klear. Mei de útkomsten fan de ûndersiken binne de gemeenten fierder gien.
Kontakt
Foar fragen en/of mear ynformaasje oer dit ûnderwerp kinne jo kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 - 292 5925. Wy helpe jo graach!