Regio Deal natuurinclusieve landbouw

Op 31 desimber 2024 einige de Regio Deal Natuerynklusive Lânbou Noard-Nederlân. In inisjatyf fan it Ryk en de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte. Tegearre wurken se fan 2019 ôf oan in ekonomysk sûne en takomstbestindige lânbou dy't yn balâns is mei de omjouwing. Der wie € 20 miljoen beskikber om yn acht gebieten te pionierjen mei natuerynklusive lânbou. 

Yn ús provinsje waard wurke oan de trochûntwikkeling fan natuerynklusive lânbou yn fjouwer gebieten: de Kleiweide, Feangreide, noardlike Klaaiskyl en Skiermûntseach. Yn al dizze gebieten hawwe boeren allinnich of tegearre mei gebietspartijen eksperiminten útfierd en projekten draaid. Yn dy jierren hawwe wy leard hoe't natuerynklusive lânbou der útsjen kin op it boerebedriuw. 

Foar de Regio Dealgebieden Drents Plateau, Kleischil, Veenkoloniën en Westerwolde, Oldambt en de Friese Kleiweide en Veenweide binne ynspiraasjeplaten makke. Foar elk gebiet wurdt oanjûn wat dien wurde kin mei natuerynklusive lânbou, wat dat opsmyt, hoe't impact makke wurde kin en wat wurket. Besjoch se op de webside fan de Regio Deal, dy't noch in jier yn de loft bliuwt: www.regiodealnatuurinclusievelandbouw.nl. Hjir binne ek filmkes te finen wêryn't bouboer Johan Dankert boeren besiket dy't him ynspirearje kinne op syn syktocht nei goede en ynspirearjende foarmen fan natuerynklusive lânbou. Yn dizze fideorige sjogge wy nei in tal oansprekkende eksperiminten (û.o. oer fiederhagen, flaaks en komposttee) dy't útfierd binne mei help fan de Regio Deal.