Omrin hat yn Harns in Reststoffe-EnerzjySintrale (RES) boud en yn ’t wurk set. It doel fan Omrin is, dat dy sintrale troch de waarmte – dy’t by it ferbrânen fan brânbere net-gefaarlike reststoffen fan húshâldens en bedriuwen frijkomt – enerzjy opwekke kin. Dy enerzjy wurdt omset yn elektrisiteit en ’e restwaarmte sil levere wurde oan omlizzende bedriuwen lykas Frisia. De provinsje hat yn oktober 2020 in miljeufergunning ôfjûn foar it bouwen fan ’e RES. De provinsje kontrolearret oft Omrin him hâldt oan ’e miljeufergunning.

Oanfraach feroaringsfergunning RES

Op 8 febrewaris 2017 hawwe wy fan Omrin in oanfraach foar in feroaringsfergunning ynkrigen. Yn dy oanfraach freget Omrin om in feroaring op ’e hjoeddeiske WABO-fergunning.

De feroaring belanget in ferheging fan it reekgasdebyt oan nei 230.000 Nm3. Wy sille de oanfraach op folsleinens hifkje en ôfhannelje neffens de wiidweidige proseduere. De oanfraach dy’t yntsjinne is en ’e byhearrende taheakke is te finen ûnder ‘downloads verandervergunning’ fia ûndersteande knop.

Besjoch de RES-stikken fan 2017 en 2018 yn ús webside-argyf fia ûndersteande knop.

Argyf

Besjoch fia ûndersteande knop de stikken fan RES Harns oant 2017.

REC - 2017