Romtlike plannen

Feroardering Romte Fryslân 2014

De Feroardering Romte Fryslân 2014 is opsteld om derfoar te soargjen dat de provinsjale romtlike belangen trochwurkje yn de gemeentlike bestimmingsplannen en omjouwingsfergunnings. Yn de feroardering steane regels oer de tema’s bondeling, romtlike kwaliteit, wenje, wurkje, rekreaasje en toerisme, lânbou, natuer, kustferdigening en duorsume enerzjy.

De regels yn de feroardering binne in fierdere útwurking fan it Streekplan Fryslân 2007 en befetsje de provinsjale ramten wêryn’t romtlike ûntwikkelingen harren beslach krije kinne. De Feroardering Romte is op 25 juny 2014 troch Provinsjale Steaten fêststeld.

Op 18 febrewaris 2015 is de 1e parsjele wiziging fan de feroardering (Romte foar Sinne), mei dêryn it romtlik belied foar opstellingen foar sinne-enerzjy, fêststeld. It belied Romte foar Sinne en oare stikken oer Sinnestroom kinne jo op dizze side fine. Begjin febrewaris 2018 is de feroardering foar it lêst op in tal punten wizige.

Konsolidearre ferzje

Foar de lêsberens binne alle wizigingen yn in nije konsolidearre ferzje fan de feroardering opnommen. Dy hat lykwols gjin juridyske status. De juridysk binende stikken steane op de webside www.ruimtelijkeplannen.nl, fia de knop Plannen zoeken >  / Zoek op kenmerken / typ efter eigenaar Fryslân. 

Omjouwingsferoardering

Mei it yngean fan de Omjouwingswet wurdt de Feroardering Romte ferfongen troch de Omjouwingsferoardering. It ûntwerp fan de Omjouwingsferoardering hat al op besjen lein. De fêststelling troch Provinsjale Steaten sil yn it twadde fearnsjier fan 2022 wêze.