Santjin sollisitanten foar boargemasterskip gemeente De Fryske Marren
Santjin minsken hawwe skreaun op de boargemasterspost fan gemeente De Fryske Marren. It giet om trettjin manlju en fjouwer froulju. Ien gegadigde is jonger as 40 jier, fjouwer binne tusken de 40 en 50 jier âld, acht tusken de 50 en 60 en fjouwer binne boppe de 60. Fiif sollisitanten binne lid fan de VVD, trije fan it CDA en twa fan de PvdA. Ien kandidaat komt fan in lokale partij en ien fan de FNP. Fiif kandidaten binne partijleas.
De Fryske Marren hat op it stuit Klaas Agricola as waarnimmend boargemaster. Hy folge op 4 novimber ferline jier Fred Veenstra op dy’t boargemaster wurden wie fan Smellingerlân. At de proseduere neffens planning ferrint sil de nije Kroanbeneamde boargemaster fan De Fryske Marren omtrint ein septimber ynstallearre wurde.
Kommissaris fan de Kening Brok hat mei de fertrouwenskommisje de sollisitanten besprutsen. De kommisje hat alle brieven sjoen. Yn goed oerlis is in mienskiplike seleksje makke. De kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt ferslach út oan de gemeenteried mei in konsept-oanrekommandaasje.
De ried beslút úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean en yn hokker folchoarder. De minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes folget yn har foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamt dêrnei de nije boargemaster per Keninklik Beslút.